Hout: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|Brânhout '''Hout''' is de wichtichste substânsje yn beammen. It wurdt benammen foarme troch de ksyleemfetten dy't wetter opnimme yn de pla...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 okt 2018 om 18.20

Hout is de wichtichste substânsje yn beammen. It wurdt benammen foarme troch de ksyleemfetten dy't wetter opnimme yn de plant. Hout wurdt brûkt om gebouwen en meubels te meitsjen, foar keunstprojekten, foar papier en as brânstof. Hout is in duorsume boarne, hoewol't der yn 'e lêste iuw wol frijwat bosken kapt binne.

Brânhout

Hout is tige ienfâldich te kappen, mar it is ek tige sterk. In houthakker is in persoan dy't beammen omhakt en dizze lange stikken yn lytsere balken klooft. De balken kinne dan mei spikers, skroeven of lime oan elkoar fêstmakke wurde om bygelyks in houten ramt te meitsjen. Der binne ferskillende houtsoarten; iik, spjir, din, boek, bjirk, ensafh.