Ierdoalje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L dan moat er hjir wei as synonym
L [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Oil_well.jpg|thumb|Winning fan ierdoalje]]
'''Ierdoalje''' is, neist ûnder oaren [[ierdgas]], ien fan 'e [[fossile]] brânstoffen[[brânstof]]fen. Ierdoalje is in flambere floeistof, besteande út in miks fan koalwetterstoffen dy't oer miljoenen jierren ûntstien binne út organyske resten dy't yn ’e rin fan de tiid op 'e seegrûn fan' e tiid ôfset binne, benammen dea [[plankton]]. Ierdoalje is it meast ferhannele guod op ierde en dêrom fan grut belang foar de wrâldekonomy, lykas produkten dy't makke binne troch ierdoalje te raffinearjen en kreakjen. As wichtichste mondiale boarne fan enerzjy is ierdoalje fan grut strategysk belang, dat fersterke wurdt troch it beheind tal winplakken, guon fan har lizze yn [[polityk]] minder stabile lannen/gebieten.
 
Petroleum befettet de folgjende kategoryen fan koalwetterstoffen: alkanen (paraffinen), sykloalkanen (naftenen), aromaten en bitumen. Troch de ferwurking yn 'e petrochemyske yndustry wurde dy koalwetterstoffen ôfset yn fraksjes of produkten lykas de lichtere benzin en smaroalje en de swierdere diesel en stookoalje. Njonken brânstoffen wurde der ek oare grûnstoffen fan makke lykas plestik. De fyngemy brûkt ek ierdoalje as grûnstof, bygelyks foar medisinen. Hast elke organyske stof dy’t brûkt wurdt yn it deistich libben wurdt wûn of syntetisearre fanút in organyske ferbining dy’t út ierdoalje lutsen is.