Paulus VI (paus): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|250px|''Paus Paulus VI'' '''Paus Paulus VI''' waard berne as Giovanni Battista Enrico Antonio Maria Montini (* 26 September 1897 - † 6 augustus 1978) en w...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 21 okt 2018 om 09.21

Paus Paulus VI waard berne as Giovanni Battista Enrico Antonio Maria Montini (* 26 September 1897 - † 6 augustus 1978) en wie paus fan 1963 oant syn dea yn 1978.

Paus Paulus VI

Paulus VI waard paus yn it midden fan it Twadde Fatikaanske Konsylje, itjinge him in beslissende ynfloed joech yn in grut tal wichtige troch it konsylje oandroegen herfoarmings. As kardinaal waard Paulus VI as de fanselssprekkende opfolger fan paus Jehannes XXIII sjoen, dy't yn 1963 oan kanker ferstoar.

Wapen fan paus Paulus VI

Paulus VI stie bekend om syn otterdokske stânpunt oangeande de antikonsepsje en seksualiteit, dy't er benammen yn syn ensyklyk Humanæ vitæ fan 1968 útlei. Dêrby naam er skerp ôfstân fan de doe nije antikonsepsjepil. Hy wie ek de earste paus dy't foar it earst mei it fleantúch de wrâld troch reizge, besocht tal fan lannen wêrûnder it Hillige Lân en hie gesprekken mei lieders fan oare grutte kristlike Tsjerken, lykas de aartsbiskop fan Canterbury, Michael Ramsey (haad van de Anglikaanske Tsjerke), en de patriarch van Konstantinopel, Athenagoras (haad fan de Gryksk-Otterdokske Tsjerke).

Yn 1970 ûntkaam paus Paulus VI op de twadde dei fan syn lêste grutte reis troch Aazje oan in oanslach op it fleanfjild fan Manilla op de Filipinen. De as preestser ferklaaide Boliviaan Benjamín Mendoza y Amor Flores besocht de paus mei in mes te deadzjen. De lettere Amerikaanske aartsbiskop Paul Marcinkus en syn sekretaris Pasquale Macchi wisten de paus foar slimmer te behoedzjen.

Hy ferstoar yn 1978 yn de pauslike simmerresidinsje Castel Gandolfo oan in hertoanfal. Paulus VI waard yn de Fatikaanske Grotten byset, neffens syn winsk yn de grûn.

Hillichferklearring

It hillich ferklearjen folge op in wûnder yn de Feriene Steaten yn de jierren 1990. Wylst de mem noch swier wie fan in poppe rieden de artsen in abortus oan om't by it bern earnstige ôfwikings wiene fêststeld. De mem woe dat net en bea ta Paulus VI. It bern kaam sûn op de wrâld en op 6 maaie 2014 waard it wûnder troch de Roomsk-Katolike Tsjerke erkend. Noch yn itselde jier waard paus Paulus VI sillich ferklearre. Op snein 14 oktober 2018 waard Paulus VI troch Fransiskus hillich ferklearre. Yn de liturgy wurdt de paus op 26 septimber betocht.

Keppeling om utens