Waling Dykstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lotje (oerlis | bydragen)
dubbel ofbyld
Rigel 1:
[[Ofbyld:Waling Dykstra 1871.jpg|thumb|''Waling Dykstra yn 1871'']]
[[File:Waling Dykstra Pier Pander Noorderweg Leeuwarden.JPG|thumb|Monumint Waling Dykstra yn Ljouwert]]
'''Waling Gerrits Dykstra''' ([[14 augustus]] [[1821]], [[Froubuorren]] - [[15 jannewaris]] [[1914]], [[Holwert]]) wie in [[Frysk|Fryske]] [[Literatuer|skriuwer]] en foardrachtskeunstner. Hy stie yn de tradysje fan de [[Bruorren Halbertsma|Halbertsma's]] en is benammen bekend fan it Frysk [[Winterjûnenocht]] dêr't hy tegearre mei [[Tsjibbe Gearts van der Meulen]] it Frysk toaniel in plak joech yn de Fryske mienskip.
 
== Libben ==
[[FileOfbyld:Waling Dijkstra.JPG|thumb|Monumint Waling Dykstra yn Holwert fan [[Chris Fokma]]]]
Waling Dykstra waard berne te Froubuorren as soan fan [[bakker]] Gerrit Walings Dykstra en Antje Keimpes Koopmansen soe sels it fak ek leare. Al rillegau kaam hy der efter dat dat syn ropping net wie. Yn [[1853]] die er de bakkerij oan kant en wurke doe yn in boekwinkel yn [[Frjentsjer]]. Yn 1855 troude hy op 'e nij mei Afke (Jans) de Boer, mei wa er âlve bern krige soe. Yn 1861 ferhuze hy nei Holwert, dêr't er in eigen boekwinkel iepene. It measte fertsjinne er lykwols mei de pinne. Hy wie redakteur fan in rige periodiken, dy't er foar it grutste part sels folde û.o. [[De Bijekoer]], de [[Fryske hûsfreon]], de [[Fryske Nijsboade]], [[Friso]], [[Friesch Volksblad]], [[Sljucht en rjucht|Sljucht en Rjucht]], en [[As jimme it leije meije]].
 
Op syn bêst wie hy by populêre ferskes en fertellingen. Foar gruttere ferhalen wie syn komposysjekrêft en empaty net sterk genôch. Syn wurk giet net djip, mar it hat wol typearjend fermogen, it waard dan ek drok lêzen. Dêrtroch is syn nasjonale betsjutting grutter as syn letterkundige. Hoe populêr Dykstra wie blykte wol út de namme sa't er neamd waard. Meastal hiet hy Waling-om (=omke). Neist wat hy skreau, hat Dykstra it Fryske folksbewustwêzen ek fersterke mei syn 'Winterjûnenochten', foardrachtsjûnen, yn 'e mande mei [[Tsjibbe Gearts van der Meulen]], [[Gerben Colmjon]], [[Auke Boonemmer]], of ek wol allinnich (sûnt 1860). Mei de Fryske Winterjûnenocht bereizge er 25 jier lang de doarpen yn Fryslân, om sa it Frysk toaniel ûnder de minsken te bringen.
 
Waling Dijkstra komt út in ortodoks-protestantsk fermiddden. Hysels hie in mear [[Liberalisme|liberale]] ynstelling. Syn wurk hat faak moralistyske trekjes. Bûten in ûntelber oantal ferskes publisearre hy ek noch in wichtich folkloristysk wurk - ''Uit Frieslands volksleven'' (2 dielen, [[Ljouwert]], 1896). Fierders fersoarge hy in populêr witenskiplike útjefte fan de Friesche Rymlerije fan [[Gysbert Japicx]] (Frjentsjer 1853) en kaam it benammen troch syn iver en trochsettingsfermogen dat it Friesch Woordenboek (Ljouwert 1911) der komd is.
 
Krekt foar it útbrekken fan de [[Earste Wrâldkriich]] yn [[1914]] stoar Dykstra te Holwerd yn de âldens fan 92 jier.
Line 31 ⟶ 30:
 
== Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn! ==
[[Ofbyld:Waling Dykstra Pier Pander Noorderweg Leeuwarden.JPG|thumb|right|Monumint fan Waling Dykstra yn [[Ljouwert]] (makker: [[Pier Pander]] (1916)]]
Ien fan Waling Dijkstra syn gedichten, dat begjint mei de rigel "''Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn!'' is ien fan Fryslâns meast beminde gedichten.
 
Line 46 ⟶ 45:
== Bibliografy ==
In wiidweidige bibliografy stiet yn "''Waling Dykstra, syn libben en wurk''" (1949)
* ''De Fryske Thyl Ulespegel of De wonderlike Libbenskiednis fen Hantsje Pik'' [[1860]]
* ''[[De sulveren rinkelbel|De Sulveren Rinkelbel]]'' - werprinte [[1950]]
** [[Ofbyld:Flag of Het Bildt.svg|20px]] [[Biltsk]]e oersetting: ''De Sulverne Rinkelbel: 'n Wonderlike history út de leste helt fan de achttynde eeuw'' (1985, fert. Hanne Kúkken)