1933: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 21:
*[[27 maart]] - Fanwegen it skeel oer de [[Japan]]ske besetting fan [[Mantsjoerije]] seit Japan syn lidmaatskip fan it [[Folkebûn]] op.
*[[1 april]] - Begjin fan 'e stelselmjittige [[joadeferfolging]] yn [[nazy-Dútslân]].
* [[4 april]] - It [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[lofskiploftskip]] de [[USS Akron (ZRS-4)|USS ''Akron'']] stoart del yn 'e [[Atlantyske Oseaan]]. Fan 'e 76 ynsittenden komme 73 om.
*[[5 april]] - It [[Tribunaal fan it Folkebûn]] yn [[De Haach]] stelt nei wiidweidich berie [[Denemark]] gelyk yn 'e kwestje fan 'e [[Noarwegen|Noarske]] besetting fan [[East-Grienlân]], dy't sûnt [[juny]] [[1931]] spilet. Neffens de útspraak soe de Deenske [[soevereiniteit]] oer hiel [[Grienlân]] berêste op it [[Ferdrach fan Kiel (1814)|Ferdrach fan Kiel]] út [[1814]]. Noarwegen leit him by de útspraak del en jout it gebiet werom oan Denemark.
*[[8 april]] - By [[Unôfhinklikheidsreferindum fan West-Austraalje (1933)|in referindum]] sprekt 68% fan 'e [[befolking]] fan [[West-Austraalje]] him út foar ûnôfhinklikheid fan 'e rest fan [[Austraalje (lân)|Austraalje]]. Dat wurdt lykwols daliks blokkearre troch it [[Feriene Keninkryk|Britske]] [[regear]], dat foar sa'n [[sesesje|ôfskieding]] tastimming ferliene moat.