Superheld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L adding illustration
L [[]]
Rigel 1:
[[File:Excelsior1a.jpg|thumb]]In '''superheld''' ([[Ingelsk]]: ''superhero'') is in soarte fan [[protagonist]] dy't fan oarsprong benammen yn [[stripferhaal|stripferhalen]] foarkomt, mar tsjinwurdich ek wol yn op sokke stripferhalen basearre [[tekenfilm]]s of [[spylfilm]]s. In superheld kin omskreaun wurde as in heldhaftich personaazje mei [[boppeminsklike krêften]]. In [[frou]]like superheld wurdt in '''superheldinne''' neamd. De earste superhelden ûntstiene yn 'e [[Feriene Steaten]] mei de opkomst fan 'e earste strips, yn 'e [[1930]]-er jierren]]. It tsjinstelde fan in superheld is in '''supersmjunt''' (Ingelsk: ''super villain''), in [[antagonist]] mei soartgelikense boppeminsklike krêften, tsjin wa't de superheld it opnimme moat.
 
In faak foarkommend skaaimerk fan in superheld is dat er in dûbellibben liedt, wêrby't er yn syn deistich bestean in ûnopfallende persoanlikheid hat, wylst er him as bestrider fan 'e [[misdie]] ferklaait yn in pakje fan [[lykra]] of in oar straksittend materiaal dêr't syn [[spier]]en troch te sjen binne. Teffens draacht er yn syn heldefoarm yn 'e regel in [[masker]], sadat syn identiteit foar it omsteand laach geheim bliuwt. Superhelden nimme it yn 'e regel op tsjin [[supersmjunt]]en, rike en tige súksesfolle misdiedigers dy't net selden út binne op 'e oerhearsking fan 'e hiele wrâld en dêrta snoade plannen smeie yn in ferburgen haadkertier.