Joaris mei it Burd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Lucas Cranach d.Ä. - Bildnis des Herzogs Georg von Sachsen (Gemäldegalerie, Berlin).jpg|right|thumb|250px|JorisJoaris mei it Burd]]
'''George fan Saksen''', better bekend as '''Joaris''' (of '''Georg''') '''mei it Burd''' ([[Meißen]] [[27 augustus]] [[1471]] – [[Dresden]] [[17 april]] [[1539]]) wie fan [[1500]] oant [[1539]] hartoch fan [[Hartochdom Saksen|Saksen]]. As [[potestaat]] hearske hy oer [[Fryslân]] en [[Grinslân]] fan 1504 oant 1515.
 
Rigel 5:
Hy waard earst geastlike, mar folge yn [[1500]] syn heit [[Albrecht III fan Saksen|Albrecht de Kloekmoedige]] op as hartoch. Hy regearre tegearre mei syn broer [[Hindrik V fan Saksen|Hindrik de Fromme]] oer Fryslân oant dizze yn [[1505]] al syn rjochten oan him ôfstie. Dêrnei sintralisearre er bestjoer en rjochtspraak en fierde [[jiertaks]] en [[aksyns]] yn, wat grutte wjerstân oprôp.
 
Op [[22 febrewaris]] [[1505]] sleat hyer in oerienkomst mei de bruorren Dirk, Floris, en Jacob fan [[Wyngaarden]], en Thomas Beukelaar, de skoansoan fan ien fan harren. Dizze [[Súd-Hollân]]ske Hearen soenen de [[kwelder]]s yn it noarden fan Fryslân yndykje tsjin frijstelling fan pacht yn it earste jier. Noch datselde jier waard it gebied yndike troch de oanlis fan in 14 kilometer lange dyk. Sa ûnstie [[It Bildt]].
 
Hy besocht yn [[1514]] Grinslân ûnder syn gesach te bringen, dat him earder lykwols ferbûn hie mei [[Edzard I fan East-Fryslân]]. Troch de hege kosten fan de striid sleaten de Friezen in ferbûn mei hartoch [[Karel fan Gelre]], tagelyk in bûnsgenoat fan Grinslân. JorisJoaris moast him uteinlik weromlûke oant [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Harns (stêd)|Harns]] en [[Frjentsjer]]. Omdat syn macht yn Fryslân ek tanende wie, die hy operop [[19 maaie]] [[1515]] syn oanspraken op Grinslân en Fryslân foar it lytse bedrach fan ƒ100.000 oer oan keizer [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]].
 
Joaris herfoarme ek yn Saksen op foarútstribjende wize bestjoer en finansjenfinansjes. Hy stipe Karel V safolle atas dat er koe en die syn biedwurd ''"de naam des Heren zij geprezen"'' eare oan troch him dúdlik tsjin de ynfloed fan [[Jan Hus]] en [[Maarten Luther]] yn it [[Hillige Roomske Ryk]] te fersetten.
 
Hy wie troud mei Barbara ([[1478]]-[[1534]]), dochter fan kening [[Casimir IV fan Poalen|Casimir IV]] fan [[Poalen]]. Nei har dea liet hyer as teken fan rou syn burd stean, wat him syn bynamme oplevere. Ut dit houlik kaam [[Magdalena fan Saksen|Magdalena]] fuort, dy't letter boaskje soe mei [[Joachim II Hector fan Brandenburch]]. Ek Christina fan Saksen (1505-1549), de frou fan lângreve [[Filips I fan Hessen]], wie in dochter fan Joaris. Hy waard opfolge troch syn broer [[Hindrik IV fan Saksen|Hindrik]].
 
[[Kategory:Hartoch fan Saksen]]