Grêft: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L ik wol bêst leauwe dat it inkeltal ek mei koarte fokaal foarkomt
Rigel 1:
[[File:AmsterdamLuchtfotoBmz.jpg|right|thumb|250px|De ferneamde [[Grêftegurle]] fan [[Amsterdam]].]]
In '''grêft''' (regionaal ek: '''greft'''; [[meartal|mt.]]: '''grêften''', regionaal ek: '''greften''') is in troch de [[minske]] oanleine [[kanaal (wetterwei)|wetterwei]] troch de [[beboude kom]] fan in [[stêd]] (of soms in [[doarp]]), dy't foar it meastepart by de [[igge]]n lâns omseame wurdt troch [[gebou]]wen. It kin ek in oanleine barriêre ta ferdigening om in [[kastiel]] hinne wêze: in [[slotgrêft]]. In likernôch [[synonym]] foar grêft is [[singel (wetterwei)|singel]]. [[Etymology]]sk komt it wurdt 'grêft' fan it [[tiidwurd]] "grave".
 
Grêften binne te finen yn in protte [[histoarysk]]e [[binnenstêd]]en yn [[Hollân]], lykas [[Amsterdam]] (ferneamd om syn [[Grêftegurle]]), [[Alkmar]], [[Delft]], [[Doardt]], [[Gouda]] en [[Leien]]. Yn [[Fryslân]] komme grêften foar yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Boalsert]], [[Dokkum]], [[Frjentsjer]], [[Harns (stêd)|Harns]] en [[Snits]], en yn 'e rest fan [[Nederlân]] û.m. yn [[Amersfoart]], [[Coevorden]], it doarp [[Giteren]], [[Grins (stêd)|Grins]], [[Meppel]] en [[Utert (stêd)|Utert]].