Joaris mei it Burd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stikje red
No edit summary
Rigel 9:
Hy besocht yn [[1514]] Grinslân ûnder syn gesach te bringen, dat him earder lykwols ferbûn hie mei [[Edzard I fan East-Fryslân]]. Troch de hege kosten fan de striid sleaten de Friezen in ferbûn mei hartoch [[Karel fan Gelre]], tagelyk in bûnsgenoat fan Grinslân. Joaris moast him uteinlik weromlûke oant [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Harns (stêd)|Harns]] en [[Frjentsjer]]. Omdat syn macht yn Fryslân ek tanende wie, die erop [[19 maaie]] [[1515]] syn oanspraken op Grinslân en Fryslân foar it lytse bedrach fan ƒ100.000 oer oan keizer [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]].
 
Joaris herfoarme ek yn Saksen op foarútstribjende wize bestjoer en finansjesfinânsjes. Hy stipe Karel V safolle as dat er koe en die syn biedwurd ''"de naam des Heren zij geprezen"'' eare oan troch him dúdlik tsjin de ynfloed fan [[Jan Hus]] en [[Maarten Luther]] yn it [[Hillige Roomske Ryk]] te fersetten.
 
Hy wie troud mei Barbara ([[1478]]-[[1534]]), dochter fan kening [[Kasimir IV fan Poalen|Kasimir IV]] fan [[Poalen]]. Nei har dea liet er as teken fan rou syn burd stean, wat him syn bynamme oplevere. Ut dit houlik kaam [[Magdalena fan Saksen|Magdalena]] fuort, dy't letter boaskje soe mei [[Joachim II Hector fan Brandenburch]]. Ek Kristina fan Saksen (1505-1549), de frou fan lângreve [[Filips I fan Hessen]], wie in dochter fan Joaris. Hy waard opfolge troch syn broer [[Hindrik IV fan Saksen|Hindrik]].