Stiennen Man: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 3:
 
== Skieding dykûnderhâld ==
De ''Vijfdeelenzeedijken'' leinen tusken Makkum en Het Bildt. Hja wiene yn ûnderhâld by it wetterswkip mei de namme ''Kontributie der Vijfdeelenzeedijken binnen- en buitendijks''. Binnen dit wetterskip wurken twa groepen dykplichtigen tegearre: bûtendyksters]], de bewenners fan it gebiet dat by in seedykynbrek direkt ûnder wetter kaam te stean, en binnendyksters, bewenners fan it gebiet efter de slieperdyk de [[Slachte]]. Bûtendyksters waarden folle swierder belêst dan binnendykters en om’t de skelen dêroer net nei ’t sin oplost wurde koene, woene beide partijen in eigen helte yn ûnderhâld, sadat hja neat mear mei elkoar te meitsjen hiene. De skieding soe yngean as de diken nei de rige stoarmen en stormfloeden sûnt [[1570]] op de ôfprate hichte brocht wiene. Hoewol dat yn [[1575]] noch net it gefal wie drukten de riedshearen fan it [[Rjocht yn Fryslân|Fryske Hôf]] de skieding troch, tsjin de sin fan de bûtendyksters. Dizze riedshearen, Johannes Carolus en Adriaan Vastaerts, kamen dêrnei mei it útstel om ''seecker Steenwerck ter plaetse van de scheijdinge'' te setten. Allinne de binnendyksters wiene ree om de terminus te beteljen. De beide riedshearen leine op 19 july 1576 de earste stien. Om ende by 1725 wie de terminus sa ferfallen dat hy ôfbrutsen waard. De orizjinele tinkplaat kaam yn in mourre fan de Harnser haven telâne en is dêrút fuorthelle doe dy yn [[1851]] útwreide waard.
 
== Replica ==