Stiennen Man: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
omstavere
No edit summary
Rigel 7:
== Replika ==
[[Ofbyld:Drie verschillende Janusgezichten.jpg|thumb|Trije ferskillende Janusantlitten]]
Dykgreef Carel George fan Wassenaer Obdam en ûnder oaren hear fan Twickel liet om ende by [[17761774]] op eigen kosten in replika fan de ferdwûne terminus op de âlde fûneminten sette. Hy drûch him op [[11 april]] [[1777]] yn it Frjentsjerter Riedhûs oer oan it Wetterskipsbestjûr, dat de terminus tenei ûnderhâlde moast. Yn syn oerdrachtstaspraak neamde hy de terminus in ''praalbeeld'' fan [[Caspar de Robles]]. It gefolch wie dat oaren de terminus beskôgen as in stânbyld mei de dûbele byltnis fan de [[steedhâlder]]. Doe't begjin njoggentjinde ieu dûmny Sjoerd Nauta, pakesizzer fan strânmaster Sipke Nauta, úthâlde dat de twa koppen dy't hy yn syn tún op in fuotstik setten hie, ôfkomstich wiene fan de orizjinele terminus waard dat algemien leauwd. De koppen binne letter (mei de orizjinele tinkplaat) ûnderdiel wurden fan de fêste kolleksje fan it [[Frysk Museum]]. It binne dúdlik twa ferskillende gesichten, dy't boppedat oars binne as de twa likense koppen op de replika. De terminus mei januskoppen is wier net bedoeld as stânbyld foar Caspar de Robles. De replika waard ferskate kearen restaurearre. Yn 1895 waarden de stiennen koppen ferfongen troch brûnzen eksemplaren. Dy stiennen koppen fan de replika stean tsjintwurdich yn de byldetún fan de De Wildenborch yn Vorden.
 
Foar it op Deltahichte bringen fan de dyk is it monumint yn 1965 weihelle. Op de nije dyk is it restaurearre werom set, dizze kear op in betonnen fuotstik, mei basalt beklaaid. It monumint is eigendom fan [[Stichting Waterschapserfgoed]].