Karfoarstedom fan de Palts: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Locator_Electoral_Palatinate_within_the_Holy_Roman_Empire_(1618).svg|thumb|Lizzing fan de Palts]]
It '''Karfoarstedom fan de Palts''', it '''Paltsgreefskip oan de Ryn''', de '''Kar-Palts''' of koartsein de '''Palts''' ([[Dútsk]]: ''kurfürst­liche Pfalzgraf­schaft bei Rhein'' (''Kurpfalz''), [[Latyn]]: ''palatinatus rheni'') wie in wrâldsk ryksfoarstendom yn it [[Hillige Roomske Ryk]]. It Paltsgreefskip ûntstie yn de hege midsiuwen en waard yn [[1803]] opdield. Yn de [[13e iuw]] waard de Palts ien fan de sân karfoarstendommen yn it Hillige Roomske Ryk, wêrtroch't de paltsgreve it rjocht hie om mei oaren de Roomsk-Dútske kening te kiezen.
 
It territoarium fan de Palts bestie út ferskillende net-oaniensletten gebieten oan beide kanten fan de Ryn. Yn de rin fan de skiednis waard it gebiet faak útwreide, mar in soad gebieten giene letter wer ferlern. It politike, ekonomyske en kulturele sintrum fan it lân lei om de gearfloeiïng fan de [[Neckar]] en de [[Ryn]]. Dêr leine ek de âlde haadstêd [[Heidelberg]] en de lettere haadstêd [[Mannheim]]. Tusken [[1329]] en [[1623]] wie ek de Opper-Palts, yn it noarden fan Beieren, in ûnderdiel fan it karfoarstendom. Yn [[1512]] waard de Palts yndield by de Kar-Rynske Kreits.
Rigel 10:
}}
 
{{DEFAULTSORT:Palts, Karfoarstedom fan de}}
[[Kategory:Paltsgreefskip oan de Ryn| ]]
[[Kategory:Karfoarstedom fan de Palts| ]]
[[Kategory:Greefskip]]
[[Kategory:Histoarysk lân yn Jeropa]]