Caspar de Robles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 30:
Yn hast alle geskriften oer de perioade dat Caspar de Robles yn ’e Nederlannen is, dominearret it ferhaal oer syn rol by de Fryske seediken. Koartsein: nei de Alderheljenfloed fan 1570 lieten de Friezen troch ûnderlinge mieningsferskillen jierrenlang it ûnderhâld fan de diken sloere, de tige hurde hân fan Caspar de Robles (oprjochting fan galgen, weismiten fan frijstellingsbrieven) twong har om de diken te meitsjen. Dêrnei wiene se him tige tankber en rjochten foar him in tinkteken op.
 
Fansels wiene de Friezen net sa stom om it bestean en it libben op it spul te setten troch jierrenlang har lân ûnder sâlt wetter stean te litten. Yn de troch stoarmfloeden teheistere perioade wurken se hurd oan de diken en betellen se ekstreem hege bedraggen foar dykmateriaal. De rol fan Caspar de Robles by de Fryske seediken wie mar beheind. It oplossen van de skelen barde troch syn adviseurs, as steedhâlder tekene er in pear ordonnânsjes yn 1574 oer dykmeitsjen en as kapitein-generaal bemuoide hy him efkes mei de diken by Harns. It op Spanje ynstelde bestjoer hat yn de Latynske tekst op de Stiennen Man propaganda makke foar Caspars bestjoerlike kwaliteiten troch him nei de Alderheljenfloed de nije diken yn trije moanne opsmite te litten. Dizze ferdraaiing fan de werklikheid wie de basis foar in mytefoarming dy 't him fanôf de achttjinde iuw de rol joech fan in trochtaastende lieder, dy 't de Friezen leard hie diken te meitsenmeitsjen.
 
Kolonel De Robles wie yn de tiid fan Alderheljenfloed net yn Fryslân, mar yn Grinslân. Hy soe dêr mei syn mannen de lieding nommen hawwe by it rêden fan de drinkelingen, en hy soe boppedat tydlike frijdom fan belesting frege hawwe neffens P.C. Bor en P.C. Hooft. Mar De Robles sels skreau oan Alva op 9 novimber 1570 dat de boargers fan de stêd Grins nei it plattelân gien wiene om help te bieden en dat wat der barde allinne oan har grutte iver te tankjen wie.<ref>Vries, dr. K. de en Winsemius, dr. J.P. (eds.) De Allerheiligenvloed van 1570 (Ljouwert 1970 ssiden 49, 50, 125</ref> Noch altyd wurdt de ferzje fan Bor en Hooft ferteld, dy fan De Robles net.