Knut Hamsun: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
LNo edit summary
Rigel 26:
'''Knut Pedersen''' ([[Lom (Noarwegen)|Lom]] ([[Oppland]]), [[4 augustus]] [[1859]] – [[Nørholm]] by [[Grimstad]], [[19 febrewaris]] [[1952]]), better bekend ûnder it [[pseudonym]] '''Knut Hamsun''', wie in [[Noarwegen|Noarsk]] [[Roman (literatuer)|roman]][[skriuwer]]. [[Isaac Bashevis Singer]] beskôge him as de "heit fan de moderne literatuer", en [[Haakon VII fan Noarwegen|Kening Haakon]] neamde him de siel fan Noarwegen,
 
Yn syn wurk wurdt de ferbûnens fan de minske mei de ierde ferhearlike. Knut Hamsun yn in yntervieuw yn 1910: 'Ik bin woartele yn de ierde en it bosk. Yn de stêd haw ik in keunstmjittich libben, mei kafees en allerhanne yntellektuele ûnsin. Mar ik bin fuortkommen út de ierde. En men moat der net samar fan útgean dat ik allinnich mar dichtsje en fantasearje at ik der oer skriuw'.
 
De haadfigueren yn syn wurk binne faak '' outsiders'', swalkers yn in persoanlike krisisperoade, dy't harren ydentiteit lykje te sykjen en oaren net sjen litte kinne of wolle wa't hja krekt binne. Dochs kringe se harren yn lytse mienskippen.
 
Hamsun troude yn 1898 mei Bergljot Goepfert, mar hja binne yn 1906 út elkoar gien. Yn 1908 moete er de 23 jier jongere aktrise Marie Andersen dy't har hiele libben by him bleaun is nettsjinsteande swierrichheden troch Hamsun syn ''affaires''. Hja hat twa dielen memoires skreaun oer har libben mei Hamsun.