Ferskil tusken ferzjes fan "James Joyce"

Gjin feroaring yn grutte ,  2 jier lyn
L
gjin bewurkingsgearfetting
L
[[Ofbyld:Revolutionary Joyce.jpg|thumb|right|''James Joyce'']]
De Ierske skriuwer '''James Joyce''' (folút '''James Augustine Aloysius Joyce''') ([[Dublin]], [[2 febrewaris]] [[1882]] – [[Surch(stêd)|Surch]], [[13 jannewaris]] [[1941]]) wurdt sjoen as ien fan de wichtichste skriuwers fan de modernistyske ''[[Avant Garde]]'' fan de iere [[20e iuw]]. Hy waard berne yn in rike katolike famylje yn [[Dublin]] dy't troch omstannichheden yn 'e earmoed rekke. Hy studearre [[literatuer]] oan it ''University College Dublin'', dêr't er it [[katolisisme]] ôfswarreôfswarde. In soad fan syn wurk is fertolke troch [[T. P. McKenna]].
 
Joyce is it meast bekend fan syn roman ''[[Ulysses (roman)|Ulysses]]'' (1922), in mylpeal yn de skiednis fan de literatuer, dêr't er syn ''[[Stream of consciousness (skriuwtechnyk)|stream of consciousness]]''-technyk yn perfeksjonearre hat. It boek is in nijmoadrige fannijs fertelde ''[[Odyssee]]'' (fan [[Homêros]]) dêr't Joyce benei alle skriuwtechniken dy't foar hannen wiene yn kombinearre hat. Oar wichtich wurk is koarte-ferhale bondel ''[[Dubliners]]'' (1914) en de romans ''[[A Portrait of the Artist as a Young Man]]'' (1916) en ''[[Finnegans Wake]]'' (1939); fierders trije bondels poëzy, in toanielstik, inkele sjoernalistike artikelen en syn publisearre brieven.