Ferskil tusken ferzjes fan "1902"

58 bytes grutter ,  1 jier lyn
L
L (red)
*[[18 april]] - By in konfontaasje mei [[staking|stakende]] [[arbeider]]s yn [[Leuven]] iepenet de [[Belgje|Belgyske]] [[Rykswacht]] it fjoer op 'e [[demonstranten]]. Der falle by dit [[Bloedbad fan Leuven]] 6 [[dea]]den en 14 [[ferwûne]]n.
*[[8 maaie]] - By [[Utbarsting fan de Pelée (1902)|in útbarsting]] fan 'e [[Pelée]], in [[fulkaan]] op it [[Frankryk|Frânske]] [[Karibysk Gebiet|Karibyske eilân]] [[Martinyk]], wurdt de [[stêd]] [[Saint-Pierre (Martinyk)|Saint-Pierre]] ferwuostge. Der komme likernôch 30.000 minsken om.
*[[20 maaie]] - [[Kuba]] wurdt ûnôfhinklik fan 'e [[Feriene Steaten]], dy't it [[eilân]] sûnt de ein fan 'e [[Spaansk-Amerikaanske Oarloch]] bestjoerd hawwe. Hjirmei komt in ein oan 'e [[Earste Besetting fan Kuba]].
*[[31 maaie]] - De lieders fan 'e [[Afrikaners|Boeren]] út 'e [[Súdafrikaanske Republyk]] en de [[Oranje Frijsteat]] jouwe harren oer oan 'e [[Feriene Keninkryk|Britten]]. Dêrmei komt in formele ein oan 'e [[Twadde Boere-oarloch]]. De Súdafrikaanske Republyk en de Oranje Frijsteat reitsje foargoed harren ûnôfhinklikheid kwyt en wurde omfoarme ta de [[Transvaalkoloanje]] en de [[Oranjerivierkoloanje]], dy't yn [[1910]] mei de beide Britske [[koloanje]]s [[Natal (koloanje)|Natal]] en de [[Britske Kaapkoloanje|Kaapkoloanje]] opgean sille yn [[Súd-Afrika]].
*[[1 juny]] - It [[regear]] fan [[Austraalje (lân)|Austraalje]] begjint mei it opstellen fan [[rasisme|rasistyske]] [[wet]]jouwing dy't [[ymmigraasje]] nei Austraalje troch net-[[jeropide ras|blanken]] ûnmooglik meitsje moat.