1906: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Escarbot (oerlis | bydragen)
L wikidata interwiki
Rigel 3:
{{Kalinders}}{{Kalinderjier}}
== Foarfallen ==
*[[1 jannewaris]] - De [[Russyske Revolúsje (1905)|Russyske Revolúsje fan 1905]] wurdt beëinige as de [[Moskou|Moskovyske]] [[Sovjet]] beslút de striid op te jaan.
*[[16 jannewaris]]-[[7 april]] - De [[Konferinsje fan Algeciras]] begjint om 'e spande ferhâlding tusken [[Dútslân]] en [[Frankryk]] yn it ramt fan 'e [[Earste Marokkaanske Krisis]] op te lossen.
*[[22 jannewaris]] - De [[SS Valencia|SS ''Valencia'']] fart by [[Vancouvereilân]], oan 'e [[kust|westkust]] fan [[Kanada]] op in [[rif]] en sinkt. Dêrby komme 136 minsken om.
*[[2 febrewaris]] - Yn 'e [[ensyklyk]] ''Vehementer Nos'' fart [[paus]] [[Pius X]] ferheftich út tsjin 'e [[skieding tusken tsjerke en steat]] dy't ein [[1905]] yn [[Frankryk]] ynfierd is.
*[[10 maart]] - By de [[mynramp fan Courrières]], yn [[Frankryk]], komme by in ûndergrûnske [[brân]] 1.100 [[mynwurker]]s om it libben.
*[[7 april]] - By [[Utbarsting fan de Fesuvius (1906)|in útbarsting]] fan 'e [[Fesuvius]], in [[fulkaan]] yn [[Itaalje]], wurdt in soad skea oanrjochte yn 'e [[stêd]] [[Napels]].
*[[7 april]] - As op 'e [[Konferinsje fan Algeciras]] bliken docht dat fan 'e 13 dielnimmende lannen inkeld [[Eastenryk-Hongarije]] oan 'e Dútske kant stiet, rint de [[Earste Marokkaanske Krisis]] mei in skamper ôf. De Dútsers bine yn en geane akkoart mei it [[Ferdrach fan Algeciras]], dat [[gesichtsferlies]] foar harren foarkomt.
*[[12 april]] - Yn it ramt fan 'e [[Earste Saûdysk-Rasjidyske Oarloch]] tusken de [[emiraten]] fan 'e [[Emiraat fan de Nêzjd|Nêzjd]] en [[Emiraat Djebel Sjammar|Djebel Sjammar]], yn it binnenlân fan it [[Arabysk Skiereilân]], fynt de [[Slach by Râdat Mûhanna (1906)|Slach by Râdat Mûhanna]] plak, wêryn't [[Abdûlazyz ibn Mûtyb]], de [[emir]] fan [[Emiraat Djebel Sjammar|Djebel Sjammar]], komt te [[sneuveljen]].
*[[18 april]] - By de swiere [[ierdbeving fan San Francisco (1906)|ierdbeving fan San Francisco]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Kalifornje]], falle mear as 3.000 [[dea]]den en wurdt de hiele [[stêd]] [[San Francisco]] suver mei de grûn lyk makke.
* [[22 april]]-[[2 maaie]] - Yn [[Atene]] wurdt in sportevenemint holden dat beskôge wurdt as in edysje fan 'e [[Olympyske Spullen]] (jierren letter sil it [[Ynternasjonaal Olympysk Komitee|IOC]] lykwols beslute dat it gjin offisjele Olympyske Spullen wiene, en dat de [[medalje]]s dy't der wûn binne net erkend wurde as Olympyske medaljes).
*[[10 maaie]] - Yn 'e [[Ruslân|Russyske]] [[haadstêd]] [[Sint-Petersburch]] iepenet [[tsaar]] [[Nikolaas II fan Ruslân|Nikolaas II]] de [[Dûma]], it earste [[parlemint]] fan Ruslân.
* [[12 juny]] - [[Haakon VII fan Noarwegen|Haakon VII]] wurdt kroane ta earste kening fan in selstannich [[Noarwegen]].
*[[15 maaie]] - De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[presidint]] [[Theodore Roosevelt]] lijt in [[politike]] nederlaach as er twongen wurdt in [[kompromis]] te sluten mei it machtige [[spoarwei]]kartel yn syn lân oer de beheining fan 'e macht fan dat kartel.
* [[24 desimber]] - [[Reginald Fessenden]] stjoert op Krystjûn it earste [[radio]]programma út.
*[[31 maaie]] - Yn 'e [[Spanje|Spaanske]] [[haadstêd]] [[Madrid]] komme by in [[oanslach]] op [[kening]] [[Alfûns XIII fan Spanje|Alfûns XIII]] in tsiental [[soldaten]] en [[boarger]]s om. De [[monarch]] sels, en syn nije [[breid]], de [[Feriene Keninkryk|Britske]] [[prinsesse]] [[Eugenia fan Battenberg]], komme mei de skrik frij.
*[[3 juny]] - [[Kening]] [[Leopold II fan Belgje]] makket bekend dat er eventueel ree is en draach de [[soevereiniteit]] fan 'e [[Kongofrijsteat]], syn privee[[koloanje]] yn [[Afrika]], oer oan [[Belgje]], salang't it Belgyske [[regear]] dan mar syn soevereiniteit yn it saneamde [[Kroandomein (Kongo)|Kroandomein]] oan 'e eastkant fan 'e [[Leopoldmar]] erkent. Mei't it Kroandomein yn dat gefal in steat binnen de steat komme soe te foarmjen, is dy opstelling foar it Belgyske regear ûnakseptabel.
* [[1222 juny]] - [[Haakon VII fan Noarwegen|Haakon VII]] wurdt [[kroaning|kroane]] ta de earste [[kening]] fan in selstannich [[Noarwegen]] sûnt [[1362]].
*[[26 juny]] - Yn [[Frankryk]] wurdt foar it earst de [[Grand Prix fan Le Mans]] ferriden.
*[[30 juny]] - Nei't mistannen yn 'e [[iten]]sferwurkjende [[yndustry]] yn 'e [[Feriene Steaten]] oan it ljocht kommen binne, nimt it [[Amerikaanske Kongres]] op oankringen fan [[presidint]] [[Theodore Roosevelt]] twa [[wet]]ten oan (op it mêd fan [[iten]], resp. [[medisinen]]) dy't tafersjoch op en regeljouwing foar dy sektor ynstelle.
*[[12 july]] - Nei in lijenswei fan tolve jier wurdt de falske, út [[antysemitisme|antysemityske]] redens fan [[spionaazje]] foar [[Dútslân]] beskuldige [[Joaden|Joadske]] [[Frankryk|Frânske]] [[kaptein (rang)|legerkaptein]] [[Alfred Dreyfus]] einlings en te'n lêsten troch it [[Hôf fan Kassaasje]] yn [[Parys]] frijsprutsen en [[rehabilitaasje|rehabilitearre]]. Boppedat wurdt him it [[Légion d'Honneur]] takend.
*[[21 july]] - Yn [[Ruslân]] wurde de earste [[Dûma]] ûntbûn troch [[minister]] fan Binnenlânske Saken [[Pjotr Stolypin]], as blykt dat de leden fan it [[parlemint]] net de jaknikkers binne dy't it [[regear]] ferwachte hie, mar har wier mei it regearingsbelied bemuoie wolle.
*[[25 augustus]] - Yn 'e [[Ruslân|Russyske]] [[haadstêd]] [[Sint-Petersburch]] ûntkomt [[minister]] fan Binnenlânske Saken [[Pjotr Stolypin]] oan 'e [[dea]] as der in [[bomoanslach]] op him dien wurdt. Dêrby komme 27 oare [[persoan]]en om it libben, wylst de [[dochter]] fan 'e minister foar it libben skeind rekket.
*[[18 septimber]] - By [[Wettersneed fan Hongkong (1906)|wettersneed]] yn [[Hongkong]], feroarsake troch in [[tyfoan]], komme likernôch 10.000 minsken om.
*[[septimber]] - Yn [[Súd-Afrika]] ropt [[Mahatma Gandhi]], in jonge [[abbekaat]] dy't him ûntjûn hat ta de wichtichste foaroanman fan 'e [[Britsk-Ynje|Britsk-Yndyske]] mienskip yn dat lân, syn folgelingen op ta [[pasifisme|pasifistysk]] ferset tsjin 'e [[diskriminaasje|diskriminearjende]] maatregels fan it [[regear]].
*[[29 septimber]] - De [[Feriene Steaten]] dogge [[Amerikaanske ynfal yn Kuba (1906)|in ynfal]] op [[Kuba]] om in oan krêft winnende [[opstân]] tsjin it rezjym fan [[presidint]] [[Tomás Estrada Palma]] te ûnderdrukken. Dit is it begjin fan 'e [[Twadde Besetting fan Kuba]], dy't oant [[1909]] duorje sil.
*[[11 oktober]] - It [[gemeente (bestjoer)|gemeentebestjoer]] fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[stêd]] [[San Francisco]] ferklearret alle [[skoalle]]n sletten foar [[Aazje|Aziatyske]] [[bern (persoan)|bern]].
*[[25 oktober]] - De [[ambassadeur]] fan [[Japan]] yn 'e [[Feriene Steaten]] protestearret yn [[Washington, D.C.]] fûleindich tsjin 'e [[diskriminaasje|diskriminearjende]] maatregel fan it [[gemeente (bestjoer)|gemeentebestjoer]] fan [[San Francisco]], dat [[Aazje|Aziatyske]] [[bern (persoan)|bern]] earder dizze [[moanne (tiid)|moanne]] de tagong ta alle [[skoalle]]n yn dy [[stêd]] ûntsein hat.
*[[14 novimber]] - De [[Dútslân|Dútske]] [[rykskânselier]] [[Bernhard von Bülow]] warskôget yn in [[taspraak]] foar de [[Ryksdei]] yn [[Berlyn]] foar it gefaar dat Dútslân troch fijannen besingele en isolearre wurdt. Dêrmei wiist er op 'e [[Entente Cordiale]] tusken [[Frankryk]] en it [[Feriene Keninkryk]] en de bannen tusken dy beide lannen en [[Ruslân]].
*[[22 novimber]] - Yn [[Ruslân]] kundiget [[premier]] [[Pjotr Stolypin]] in langferwachte herfoarming fan 'e [[lânbou]] oan.
*[[24 desimber]] - De [[Kanada|Kanadeeske]] [[natuerkundige]] [[Reginald A. Fessenden]] demonstrearret dat it mooglik is om it lûd fan 'e [[minsklik]]e [[stim]] [[triedleas]] oer te seinen. Dit is it begjin fan it [[radio]]tiidrek.
 
== Berne ==