Helgolân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sjoch oerlis
Rigel 20:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Helgoland - Vogelperspektive (1890-1900).jpg|thumb|Helgoland om 1900 hinne]]
=== Iere skiednis ===
[[Ofbyld:Insel Helgoland um 1929-30 color.jpg|thumb|Hilgelân om 1929/30 hinne]]
Helgolân waard yn de 7e iuw troch Friezen bewenne. Neffens in berjocht fan de kristlike [[misjonaris]] [[Willibrord]] wie kening [[Redbad]] om 700 hinne in skoftlang op it eilân. Willibrord besocht de Hilgelanner Friezen yn it tiidrek 690-714 fergees te kerstenjen. 100 jier letter slagge it [[Liudger]] en bekearje de Hilgelanners.
 
Yn de 12e iuw foel Hilgelân formeel ûnder de Deenske kroan. It eilân is bekend wurden om syn piraten. It kin goed wêze dat de [[Likedielers]] it eilân om 1400 hinne as thúshaven brûkten. Yn de iuwen dêrnei foel Hilgelân formeel ûnder it hartochdom Sleeswyk, dat ûnder de Deenske kroan stie.
 
=== Deensk en Ingelsk ===
Yn 1714 wurdt it eilân ferovere troch [[Denemark]]. De Britten besetten Helgolân yn [[1807]] en makken der ien fan harren koloanjes fan. De Ingelsken makken yn it tiidrek 1808-1813 gebrûk fan it eilân as smokkelplak omdat Napoleon it grutste part fan Europa beset hie. De Ingelske keninginne Victoria betanke de Hilgelanners dêrfoar troch se frij te stellen fan belesting. <ref>[http://www.handelsblatt.com/politik/deutschland/die-mehrwertsteuer-piraten-von-helgoland;1199922 Die Mehrwertsteuer-Piraten von Helgoland] (sjoen op 22.04.2010)</ref><ref>[http://www.helgoland.de/interessen/shopping.html Ein Stück Helgoland für zu Hause] (sjoen op 22.04.2010)</ref> Yn 1890 ruilje de Britten Helgolân foar it Dútske eilân [[Sansibar]] (no part fan [[Tanzania]]). Hilgelân waard dêrnei in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] fan 'e ''[[Kreis]]'' [[Pinneberg (distrikt)|Pinneberg]]. Nei de oername troch Dútslân hold Hilgelân syn belestingprivileezje.
 
=== Twadde Wrâldkriich en weropbou ===
[[Ofbyld:Insel Helgoland um 1929-30 color.jpg|thumb|left|Hilgelân om 1929/30 hinne]]
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] wie Helgolân fan militêr belang. De Kriegsmarine boude ûnder de reade rotsen in beskermhaven foar syn [[Underseeboat|ûnderseeboaten]]. Op it eilân [[Düne]] waard in fleanbasis foar de [[Luftwaffe]] oanlein. Nei in oanfal fan de Britske loftmacht op 18 april 1945 wie it eilân ûnbewenber en de befolking moast nei de fêstewâl. Dêrfoar hienen fyftjin Hilgelanners besocht om kontakt te sykjen mei de Britten om in Britske loftoanfal foar te kommen. Lykwols waarden se op de dei fan de Britske loftoanfal pakt. Trije dagen letter, op 21 april, waarden sân fan de fyftjen Hilgelanners deasketten troch de Dútsers.
 
Twa jier letter, opOp 18 april [[1947]], besochten de Britten mei 6700 ton springstof [[Untploffing fan de bunkers op It Hilgelân|it eilân op te blazen]]. Dat wie de grutste net-nuklêre eksploazje ea. Op [[20 desimber]] [[1950]] setten twa studinten mei harren learaar nei it ûnbewenne eilân. Dêr stutsen hja de Dútske flagge, de flagge fan de Europeeske Beweging en de flagge fan it Hilgelân yn ‘e grûn. Troch dy aksje kaam der in beweging op gong om it eilân te rêden. Yn jannewaris 1951 kaam it fersyk fan it Dútske parlemint om it eilân werom te jaan. De Britten joegen Hilgelân op 1 maart 1952 werom oan [[West-Dútslân]].
[[Ofbyld:Helgoland Bombentrichter.jpg|thumb|Krater fan in 5000 kilo bom.]]
Yn 1952 waard der in kommisje foarme foar de weropbou fan it eilân. Georg Wellhausen, dy't him by de weropbou fan Hamboarch fertsjinstlik makke hie, krige de lieding oer de kommisje. Wellhausen woe de huzen op deselde manier delsette as foar de oarloch. By de âlde bebouwingsstruktuer fan it eilân wie nammentlik al rekken holden mei de hurde seewyn. It súdlike part fan it eilân dat troch Alliearde bommen syn foarm krige, it saneamde ''Middellân'', woe Wellhausen as lânskipsformaasje gewurde litte. Op it Middellân waarden in sikehûs en bejaardehûs boud. Wellhausen en syn meiwurkers hawwe mei talrike bouwurken it hjoeddeistige byld fan Helgolân bepaald. Foar in part lieten Wellhausen en syn meiwurkers har ynspirearje troch foarbylden út [[Skandinaavje]], lykas mei de kleurrike houten húskes by de haven. Mei de weropbou kamen der ek mear toeristen nei it eilân. Yn 1962 krige Helgolân it nasjonaal erkende predikaat ''Nordseeheilbad''. Yn 1967 wie de weropbou fan Helgolân offisjeel ôfsletten.
 
=== Nei 1970 ===
Yn de 1960'er jierren naam it oantal toeristen allinnich mar ta. Dat feroare oan it begjin fan de 1970'er jierren. Doe krige Helgolân hieltyd mear it goedkeap imago troch it belestingfrije guod dat der ferkocht waard. Der kamen minder toeristen en op de fêstewâl wienen de minsken net mear ûnder de yndruk fan de weropbou. Dêrnei sette Helgolân folle mear yn op saken as natuer, om sa it eilân wer populêr te meitsjen by de toeristen. Fan de rike skiednis binne hast ade bunkerresten, ynslachkraters en middellân te sjen.
 
Yn 2008 kaam de gemeente Helgolân mei in plan om de eilân Helgolân en Dune, dy't sûnt 1721 fan elkoar skieden binne, wer mei elkoar te ferbinen. Yn 2011 waard der in referindum holden oer dy eilânferbining. Fan de 1065 jildige stimmen wienen 583 (54,74 %) tsjin en 482 (45,26 %) foar. It plan waard fuortsmiten.
 
Sûnt 2015 hat de gemeente behoarlike ynkomsten fan in wynmûnepark dat 25-30 kilometer noardlik fan Helgolân leit.<ref>Webside welt.de: [https://www.welt.de/regionales/hamburg/article156195672/Chinesen-kaufen-Offshore-Windpark-vor-Helgoland.html Chinesen kaufen Offshore-Windpark vor Helgoland] (lêst sjoen op 22 novimber 2018)</ref> Troch it wurk yn de wynyndustry en it toerisme feroaret de gearstalling fan de eilanner befolking ek. Sa waard by de gemeenteriedsferkiezings fan it eilân ek de Poalske taal by de ferkiezingskampanje brûkt om stimmen te winnen.<ref>Webside welt.de: [https://www.welt.de/regionales/hamburg/article181472314/Helgolands-Buergermeister-Wir-werden-immer-juenger.html Wir werden immer jünge] (lêst sjoen op 22 novimber 2018)</ref>
 
== Frysk ==