Loadewyk de Fromme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 5:
 
== Skiednis ==
Doe’t syn heit yn Noard-[[Spanje]] op fjildtocht wie, befoel syn mem fan in twilling op [[11 april]] (mar it kin ek yn july of augustus [[778]] west hawwe) yn de Palts fan Chasseneuil by Poitiers. Nei it thúskommen fan Karel waarden sy doopt mei de nammen Loadewyk en Lotare. De Karolingyske keningsnammen Karel, Karloman en PippynPepyn wienen al ferjûn oan Karel syn oare soannen. Fan dy twilling stoar de lytse Lotar al gau yn [[779]], wylst Loadewyk sûn bleaun.
 
Doe't Loadwyk 16 jier âld wie, troude hy mei [[Ermengarde fan Haspengouw]] ([[794]]). By har krige hy trije soannen: [[Lotarius I|Lotar]], [[PippynPepyn I fan Akwitaanje|PippynPepyn]] en [[Loadewyk de Dútser]]. Letter troude er mei [[Judit fan Beieren]], dy't him de fjirde soan joech: [[Karel de Keale|Karel]].
 
Yn [[814]] stoar Karel de Grutte en waard Loadewyk de opfolger. Der wienen gjin opfolgingsswierrichheden, want Loadewyk wie doe syn noch iennige libjende soan. Dêrmei waard Loadewyk mei syn 36 jier allinnichhearserallinnichhearsker oer it [[Frankyske Ryk]], krekt as syn heit dat west hie.
 
== De earste regearjierren ==