Loadewyk de Fromme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 12:
 
== De earste regearjierren ==
De earste faze fan syn regear waard kenmerke troch yntinsive wetjouwing op wrâldsk en tsjerklik mêd. Wylst syn heit it Frankyske ryk útwreide hie, besocht Loadewyk de grutte fan it ryk fêst te hâlden en it yn stevich fûnemint te jaan. Yn dat opsicht fierde hy in strange herfoarming troch fan it kleasterlibben. Soks waard troch de geastlikheid posityf ûntfongen en soe der ta liede dat de keizer en klerus ek yn de takomst wichtige kwestjes mei inoar regelen. Yn dizze tiid is ek de gedachte ûntstien fan de ienheid fan it Ryk ûnder it [[kristendom]]. It wie benammen troch Loadewyk syn goede relaasje mei de tsjerke en syn tige kristlike libbensoertsjûging en libben dat hy nei de dea de bynamme fan 'de Fromme'' krige. Yn [[816]] waard Loadewyk troch paus [[Paus Stephanus IV (V)|Stefanus IV]] as keizer kroand.
 
Tegearre mei de klerus besocht Lodewyk yn july [[817]] middels de [[Ordinatio Imperii]] (''OrdeningOardering fan it Ryk'') de kristlike ienheid op syn grûngebiet ek foar te takomst te behâlden. Dizze oardering hâlde yn dat de âldste soan [[Lotarius I|Lotar]] as mei-keizer kroand waard en dat hy nei it ferstjerren fan Loadewyk de keizerstitel krije soe. De beide oare soannen PippynPepyn en Loadewyk de Dútser krigen allinnich de keninklike waardichheidweardichheid en in dielkeninkryk - efter mekoar [[Akwitaanje]] en [[Beieren]] - tawiisd, wylst Lothar as kening fan it [[Midden-Frânsje|Middenryk]] en keizer de absolute oerhearskippij oer syn broers besitte soe. De ryksoardering fan [[817]] wie dêrmei in modern polityk ûntwerp foar de oplossing fan in eksplosyf probleem, dêr't de kimen foar takomstige konflikten lykwols al yn ynboud wienen.
 
== Krisis ==