Loadewyk de Dútser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 21:
Yn [[852]] stjoerde Loadewyk syn soan [[Loadewyk de Jongere]] nei Akwitaanje, dêr't pleatslike eallju harren tsjin it regear fan Karel de Keale fersetten. De jongere Loadewyk ferfear net earder as [[854]] en kaam in jier letter wer werom.<br/>
Fan [[853]] ôf besocht Loadewyk ferskate kearen de kroan fan [[West-Frânsje]] te krijen. Neffens de [[Annales Fuldenses|Annalen fan Fulda]] (''Annales Fuldenses'') hawwe minsken yn dat lân him de kroan oanbean, om't hja it wrede bewâld fan Karel de Keale ferspijden. Nei oanmoediging fan syn omkesizzers Pepyn II fan Akwitaanje en [[Karel fan Provence]] foel Loadewyk West-Frânsje yn [[858]] oan. Karel de Keale koe sa gau gjin leger opbringe en moast nei [[Boergonje (hartochdom)|Boergonje]] flechtsje. Letter yn dat jier fêstige er syn gesach yn West-Frânsje, mar dat duorre net lang. Opskuor yn it leger en de trou fan de Akwitaanske biskoppen oan Karel de Keale makken it hiele ûndernimmen dêrfan ta in mislearrring. Op [[7 juny]] [[860]] sleaten Karel en Loadewyk yn [[Koblenz]] de frede ûnthieten dat yn it iepenbier.
Nei't keizer Lotarius I yn [[855]] ferstoar, makken Karel en Loadewyk plannen en ferdiel syn keninkryk [[Midden-Frânsje]]. Mar Lotarius hie syn keninkryk krekt foar syn dea tusken syn trije soannen ferdield. [[Loadewyk II fan Itaalje|Loadewyk II]] krige it [[Keninkryk Itaalje (Hillige Roomske Ryk)|Keninkryk Itaalje]] en de keizerstitel, [[Lotarius II]] krige it keninkryk [[Loataringen]] en Karel fan Provence krige [[Provence]] en [[OpperboergonjeNederboergonje]]. Doe't Lotarius II yn [[869]] ferstoar wie Loadewyk de Dútser siik en syn legers wiene yn'e striid tsjin de Moraavjers ferwikkele. Karel de Keale naam Lotarius syn lân hastich yn, mar doe't Loadewyk wer better waard, twong him ûnder kriichsdriging werom te lûken. Hja sleaten it [[Ferdrach fan Meerssen]] yn [[870]] en ferdielden Loataringen.
 
==Ferdieling fan syn keninkryk ûnder syn soannen==