Loataringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 13:
==Keninkryk Loataringen==
Doe't Lotarius I yn [[855]] oan it ferstjerren wie, ferdielde er syn keninkryk tusken syn trije soannen by it [[Ferdrach fan Prüm]]. De âldste soan, [[Loadewyk II fan Itaalje|Loadewyk II]], krige Itaalje en de keizerstitel. De jongste, [[Karel fan Provence|Karel]] dy't doe noch minderjierrich wie, krige de [[Provence |Provence]]. De middelste soan, [[Lotarius II]] krige de oerbliuwende gebieten benoarden de Provence. Dat keninkryk miste in etnyske of [[Taalkunde|taalkundige]] ienheid.<br/>
Lotarius II hearske fanút Aken en hy kaam syn keninkryk amper út. Doe't er yn [[869]] ferstoar hie er gjin echtlike bern, mar wol in bûtenechtliken ien, [[Hugo, hartoch fan de Elsas|Hugo]] (hartoch fan de [[Elsas]]. Syn omkes, kening [[Loadewyk de Dútser]] fan East-Frânsje en kening [[Karel de Keale]] fan West-Frânsje (dy't winliken gâns Loataringen hearskje woe) kamen yn [[870]] by it [[Ferdrach fan Meerssen]] oerien en ferdiel Loataringen tusken harren beide. It westlike part gie nei West-Frânsje en it eastlike part nei East-Frânsje. Dus it keninkryk Loataringen hold as in ienheid foar in skoftke op te bestean. Yn [[876]] foel Karel de Keale eastlik Loataringen oan mei de bedoeling it yn te liivjen, mar waard byyn de [[Slach by Andernach (876)|Slach by Andernach]] troch Loadewyk de Dútser syn soan [[Loadewyk de Jongere]] ferslein.<br/>
Yn [[879]] waard de soan fan Loadewyk de Dútser, kening [[Loadewyk de Jongere]] frege troch guon Westfrankyske eallju om de soan fan Karel de Keale, kening [[Loadewyk de Stammerder]] op te folgjen op de troan fan West-Frânsje. Nei in koarte kriich hawwe de jonge soannen fan Loadewyk de Stammerder, [[Karloman II fan Frankryk|Karloman II]] en [[Loadewyk III fan Frankryk|Loadewyk III]] westlik Loataringen oan East-Frânsje ôfstien. De grins tusken de twa keninkriken waard fêstlein by it [[Ferdrach fan Ribemont]] yn [[880]].<br/>
Yn novimber [[887]] ropte [[Arnulf fan Karintje]] in Ried fan Eastfrankyske ealllju byïnoar om keizer [[Karel de Grouwe]] ôf te setten, dy't yn [[884]] alle troanen fan it keizerryk oernimme koe. De Loataringyske [[aristokrasy]] stimde mei de oare Eastfrankyske eallju en stypje Arnulf as harren kening. [[Guido III fan Spoleto]], dy't kening fan Itaalje waard, en [[Rudolf I fan Boergonje]] fersetten harren ynearsten tsjin de kar foar Arnulf as keizer. Rudolf hope op it gânse eardere gebiet fan Lotarius II, mar moast it mar dwaan mei Boergonje.<br/>