Karel fan de Provâns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L [[]]
Rigel 3:
Syn heit ferdielde syn keninkryk [[Midden-Frânsje]] yn [[855]] by it [[Ferdrach fan Prüm]] tusken syn trije soannen. De âldste soan [[Loadewyk II fan Itaalje|Loadewyk II]]
krige it [[Keninkryk Itaalje (Hillige Roomske Ryk)|Keninkryk Itaalje]] en de keizerstitel; [[Lotarius II]] krige [[Loataringen]] en [[Opperboergonje]]; en Karel, de jongste, krige de [[Provâns]] en [[Nederboergonje]].<br/>
Doe't syn heit ferstoar, wie Karel noch mar 10 jier âld. Syn oantroude omke, greve [[Gerard II fan Roussillon|Gerard fan Vienne]], naam it regintskip oan. Gerard ferdigene it keninkryk tsjin de ynfallende [[Wytsingen]], dy't de [[Rône]] opfearen. Yn [[860]] fersloech er harren by de mûning fan de Rône.<br/>
Karel syn omke, kening [[Karel de Keale]] fan [[West-Frânsje]] besocht de Provâns te feroverjen yn [[861]] op oantrunen fan de greve fan [[Arles]], mar dat slagge him net.<br/>
Karel fan de Provâns hat winliken sels nea regearre, allinne yn namme. Gerard fan Vienne wie winliken de bestjoerder. Yn [[858]] hie er regele dat as Karel sûnder opfolgers ferstjerre soe, de Provâns nei Lotarius II gean soe. Doe't Karel yn 863 ferstoar, woe syn âldste broer Loadewyk II de Provâns ek hawwe, dus waard it keninkryk ferparte tusken de twa bruorren: Lotarius krige de bisdommen [[Lyon]], [[Vienne]] en [[Grenoble]], dy't bestjoerd wurde soene troch Gerard; Loadewyk krige [[Arles]], [[Aix]] en [[Embrun]]