Ferskil tusken ferzjes fan "Ferdrach fan Ribemont"

gjin bewurkingsgearfetting
 
It '''Ferdrach fan Ribemont''' fan [[880]] wie it lêste ferdrach oangeande it ferpartsjen fan it [[Frankyske Ryk]]. It wie tekene troch de [[East-Frânsje|Eastfrankyske]] of Dútske kening [[Loadewyk de Jongere]] en de [[West-Frânsje|Westfrankyske]] keningen [[Loadewyk III fan Frankryk|Loadewyk III]] en [[Karloman fan Frankryk]].<br/>
Nei it ferstjerren fan de Westfrankyske kening [[Karel de Keale]] hie Loadewyk de Jongere de freonskip mei Karel syn opfolger [[Loadewyk de Stammerder]] befêstige mei it [[Ferdrach fan Foeren]] yn novimber [[878]]. De twa neven sein inoar ta dat hja de opfolging troch harren soannen respektearje soene. Dat ferdrach kaam ûnder bedriging doe't yn april [[879]] Loadewyk de Stammerder ferstoar. In ôffurdiging ûnder lieding fan biskop [[Joaselyn fan Parys]], dy't letter ek de beskermer fan de stêd tsjin ynfallen fan de [[Wytsingen]] wie, nûge Loadewyk de Jongere út en nim it bestjoer oer West-Frânsje oer. Om't syn frou Luitgard dat idee ek stipe, foel Loadewyk West-Frânsje yn. Hy berikte [[Ferdun]], mar luts werom doe't de soannen fan Loadewyk de Stammerder: Loadewyk III fan Frankryk en Karloman fan Frankryk harren diel fan [[Midden-Frânsje]] oan him opjoegen.<br/>
Njonkelytsen ropte [[Bosso fan de Provâns]], in ealman besibbe oan de [[Karolingen]], himsels út ta kening fan de [[Provâns]]. Ek de Wytsingen setten fannijs út ein mei harren ynfallen. Om dit driigjen boppe te stean, besleaten de Karolingyske keningen harren skeel fansiden te setten en meiïnoar op te arbeidzjen. Hja moeten yn [[Ribemont]], yn it hjoeddeiske [[Departeminten fan Frankryk|departemint]] [[Aisne (departemint)|Aisne]] yn it noarden fan [[Frankryk]]. Yn ruil foar de neutraliteit fan Loadewyk de Jongere, befêstigen de keningen fan Frankryk dat it part fan [[Loataringen]] en [[Fryske Ryk|Fryslân]] dat hja sûnt it [[Ferdrach fan Meerssen]] yn besit hiene, no fan Loadewyk de Jongere wie en sa koene hja frij oplûke tsjin Bosso.<br/>
De grins tusken Frankryk en it [[Hillige Roomske Ryk]] is oant yn de [[Lette Midsiuwen]] hast nea feroare west.<br/>
Eardere Frankyske ferdielings wiene:
2.105

bewurkings