Gregoriaanske kalinder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
lytse korreksje
Rigel 8:
De Gregoriaanske kalinder is [[24 febrewaris]] [[1582]], mei de bul ''Inter gravissimas'', troch Gregorius XIII ynsteld. Dat woe net sizze dat dizze tiidrekkening ek oeral daalks ynfierd waard. Ien fan de problemen wie dat by it ynfieren ek de ôfwiking oant dan ta wer goedmakke wurde moast. Mar by de oanpassings hat wis ek it ferskil tusken Katoliken en de Protestanten meispile. Sa wurdt yn it beslút fan de [[Steaten fan Fryslân]] ek net sprutsen fan it ynfieren fan de "Gregoriaanske kalinder", mar fan it ynfieren fan de "ferbettere Juliaanske kalinder".
 
De measte [[Katolike Tsjerke|katolike]] lannen hawwe de kalinder daalk ynfierd, wêrby op tongersdei [[4 oktober]] 1582 freed [[15 oktober]] 1582 folge. Mar oare lannen hawwe langer wachte om't se eins net oan dy nuvere oergong yn de kalinder woenen. De súdlike en westlike Nederlannen wienen der fluch by; in part die it al yn 1582, en de rest, lykas [[West-Fryslân]], gong fan [[1 jannewaris]] [[1583]] nei [[1211 jannewaris]] 1583. Mar de noard-eastlike, wêrûnder [[Fryslân]], binne pas fan [[31 desimber]] [[1700]] op [[12 jannewaris]] [[1701]] oergongen, útsein de [[Grinzer Ommelannen]] dy't pas yn 1711 oergongen binne. Dizze oergong fan alve dagen hat de oarsaak west fan it ûntstean fan dagen as [[Alde Maaie]] en [[Ald Alderheljen]].
 
Mar yn de [[Sowjetuny]] hat de oergong noch yngripender west. De Sovjetuny gong yn [[1918]] oer, koart nei de [[Russyske revolúsje]]. Doe wie it ferskil fansels noch grutter wurden. Nei [[31 jannewaris]] 1918 kaam dêrom [[14 febrewaris]], sa't 13 dagen ynhelle wienen. Om't de revolúsje op [[25 oktober]] [[1917]] wie, skode de jierdei dêrfan ek troch. Sa komt it dat de Oktober-revolúsje yn novimber fierd waard.