Ferskil tusken ferzjes fan "Gregoriaanske kalinder"

oanfolling mei âlde en nije styl
(lytse korreksje)
(oanfolling mei âlde en nije styl)
 
It lêste lân dat de Gregoriaanske kalinder ynfierde wie [[Grikelân]], yn [[1924]]. Mar yn in part fan de [[Otterdokse tsjerken]] wurdt foar de tsjerke-kalinder hieltyd noch mei de Juliaanske kalinder rekkene.
 
== Alde en nije styl ==
Tusken 1583 en 1700 brûkten Fryslân en Hollân ferskillende kalinders. De Fryske steedhâlder Willem Frederik, dy't ek regelmjittich nei Den Haag moast, hold yn syn deiboeken beide datums oan, bygelyks yn 1643:
''Den 23 april/3 maij ginck ick uyt Vrieslandt oover Bolswert, Worckum ende quam dien avont tegens wint noch tot Enckhuysen om half achten ende nam strackx een waghen ende voer nae Alckmaer ……''
Fiif jier letter einige de 80-jarige oarloch. De Steaten fan Fryslân lieten in tinkstien foar de frede fan Munster meitsje, wêrop de wichtichste datums stean, yn âlde en nije styl. Oer de tekst fan it fredesferdrach wie yn jannewaris 1648 oerienstimming berikt. Yn Fryslân stie de kalinder op 20 jannewaris, yn Hollân op 30 jannewaris. Itselde ferskil wie der by de datums fan it offisjeel goedkarre fan it ferdrach en fan de ''spektakulêre feesterijen''. De Steaten pleatsten de tinkstien tsjin de gevel fan har gearkomsteplak, it Lânskipshûs yn Ljouwert. (Tsjintwurdich sit de stien yn it koar fan de Grutte of Jacobinetsjerke.)
 
Wa gjin dûbele boekhâlding fiere woe moast mei klam neame hokker datum hy brûkte: âlde of nije styl. In foarbyld dêrfan stiet op de gevelstien yn de muorre fan it eardere Blau Weeshûs yn de Dykstrjitte yn Frjentsjer. Op 6 jannewaris 1665 sakke prins Johan Maurits fan Nassau-Dietz mei in diel fan syn gefolch troch de houten brêge yn de Dykstrjitte. Hy wie in neef fan de Fryske steedhâlder Willem Frederik, dy op 31 oktober 1664 ferstoarn wie. Johan Maurits hie de bysetting fan de steedhâlder yn de Jacobinetsjerke op 25 desimber 1664 bywenne. De trije hjir neamde datums binne nije styl. De bysetting fan de steedhâlder wie dus foar de Friezen net op earste krystdei, want foar harren wie it pas 15 desimber âlde styl. Johan Maurits bleau dêrnei noch yn Ljouwert om der de Fryske krystdagen mei te meitsjen, want dy wiene yn Hollân al foarby.
 
== Sjoch ek ==
23

bewurkings