Gregoriaanske kalinder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 6:
 
== Ynfiering ==
[[File:Twee kalenders Leeuwarden.jpg|thumb|Tinkstien tachtigjierrige oarloch, Jakobinetsjerke Ljouwert]]
De Gregoriaanske kalinder is [[24 febrewaris]] [[1582]], mei de bul ''Inter gravissimas'', troch Gregorius XIII ynsteld. Dat woe net sizze dat dizze tiidrekkening ek oeral daalks ynfierd waard. Ien fan de problemen wie dat by it ynfieren ek de ôfwiking oant dan ta wer goedmakke wurde moast. Mar by de oanpassings hat wis ek it ferskil tusken Katoliken en de Protestanten meispile. Sa wurdt yn it beslút fan de [[Steaten fan Fryslân]] ek net sprutsen fan it ynfieren fan de "Gregoriaanske kalinder", mar fan it ynfieren fan de "ferbettere Juliaanske kalinder".
 
Line 18 ⟶ 19:
''Den 23 april/3 maij ginck ick uyt Vrieslandt oover Bolswert, Worckum ende quam dien avont tegens wint noch tot Enckhuysen om half achten ende nam strackx een waghen ende voer nae Alckmaer ……''
Fiif jier letter einige de [[Tachtichjierrige oarloch]]. De Steaten fan Fryslân lieten in tinkstien foar de frede fan Munster meitsje, mei de wichtichste datums der op, yn âlde en nije styl. Oer de tekst fan it fredesferdrach wie yn jannewaris 1648 oerienstimming berikt. Yn Fryslân stie de kalinder op 20 jannewaris, yn Hollân op 30 jannewaris. Itselde ferskil wie der by de datums fan it offisjeel goedkarren fan it ferdrach en fan de ''spektakulêre feesterijen''. De Steaten pleatsten de tinkstien tsjin de gevel fan har gearkomsteplak, it [[Lânskipshûs]] yn Ljouwert. (Tsjintwurdich sit de stien yn it koar fan de Grutte of [[Jakobinertsjerke]].)
[[File:Datum nieuwe stijl Franeker.jpg|thumb|Ungelok prins Maurits, Frentsjer 1665 nije styl]]
 
Wa't gjin dûbele boekhâlding fiere woe moast mei klam neame hokker datum hy brûkte: âlde of nije styl. In foarbyld dêrfan stiet op de gevelstien yn de muorre fan it eardere Blau Weeshûs yn de Dykstrjitte yn Frjentsjer. Op 6 jannewaris 1665 sakke prins Johan Maurits fan Nassau-Dietz mei in diel fan syn gefolch troch de houten brêge yn de Dykstrjitte. Hy wie in neef fan de Fryske steedhâlder Willem Frederik, dy't op 31 oktober 1664 ferstoarn wie. Johan Maurits hie de bysetting fan de steedhâlder yn de Jacobinertsjerke op 25 desimber 1664 bywenne. De trije hjir neamde datums binne nije styl. De bysetting fan de steedhâlder wie dus foar de Friezen net op earste krystdei, want foar harren wie it pas 15 desimber âlde styl. Johan Maurits bleau dêrnei noch yn Ljouwert om dêr de Fryske krystdagen mei te meitsjen, want dy wiene yn Hollân al foarby.