Jazz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Negro Leage Baseball Museum and American Jazz Museum.jpg|right|thumb|225px|Yngong fan it American Jazz Museum yn Kansas City]]
Mei de term '''jazz'''(dzjêz) wurdt in op ymprovisaasje basearre [[muzykstyl]] bedoeld dy't ûntstien is yn [[New Orleans]] út in krúsbestowing fan [[folk]], [[blues]], [[negro spirituals]], [[ragtime]], en [[klassike muzyk]]. (It wurd jazz hat dêrby ek noch de bybetsjutting: ''hiel enerzjike dûns''.)
 
== Skiednis ==
Rigel 40:
 
=== Bebop ===
De twadde rjochting dy't de jazz út gong fan de fjirtiger jierren fan de 20ste iuw wie de [[Bebop]]. Muzikanten as [[Dizzy Gillespie]], [[John Coltrane]] en [[Charles Mingus]] fûnen de 'âlde styl' te simpel en sochten nei moderne foarmen. De oprjochting fan dy styl wurdt faak oan [[Charlie Parker]] taskreaun. De styl waard Bebop neamd foar 't neist nei de hierdracht fan [[Dizzy Gillespie]] en hie as skaaimerk it opswypkjend karakter. De term is in saneamd [[Wiki:FilePath/Onomatopee|Media:onomatopee]]; dat wol sizze it neidwaan fan klank. En gauris tapaste rif yn de Bebop is be-bop-be-bop wêrby't de -be- de heechste klank is. De muzykstyl is dus neamd nei it gauris tapaste melodylyntsje.
Mei de styl fan it hier hat de term neat te krijen as it om de namme giet. Wol is it sa dat letter in saneamd Bebopkapsel ûntstie. Wat dat mei de echte bebopmuzyk út te stean hat is net dúdlik, want de echte Beboppers hiene altyd in petsje op (en in bril fan hoarn).