Ferdrach fan Ribemont: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:Empire Carolingien en 880.png|thumb|It ryk fan [[Loadewyk III fan Frankryk|Loadewyk III]] pears, fan [[Karloman fan Frankryk|Karloman]] blau, fan [[Bosso fan de Provâns|Bosso]] giel, fan [[Loadewyk de Jongere]] grien, en fan [[Karel de Grouwe]] read]]
It '''Ferdrach fan Ribemont''' fan [[880]] wie it lêste ferdrach oangeande it ferpartsjen fan it [[Frankyske Ryk]]. It wie tekene troch de [[East-Frânsje|Eastfrankyske]] of Dútske kening [[Loadewyk de Jongere]] en de [[West-Frânsje|Westfrankyske]] keningen [[Loadewyk III fan Frankryk|Loadewyk III]] en [[Karloman fan Frankryk]].<br/>
Nei it ferstjerren fan de Westfrankyske kening [[Karel de Keale]] hie Loadewyk de Jongere de freonskip mei Karel syn opfolger [[Loadewyk de Stammerder]] befêstige mei it [[Ferdrach fan Foeren]] yn novimber [[878]]. De twa neven seinseine inoar ta dat hja de opfolging troch harren soannen respektearje soene. Dat ferdrach kaam ûnder bedriging doe't yn april [[879]] Loadewyk de Stammerder ferstoar. In ôffurdiging ûnder lieding fan biskop [[Joaselyn fan Parys]], dy't letter ek de beskermer fan de stêd tsjin ynfallen fan de [[Wytsingen]] wie, nûge Loadewyk de Jongere út en nim it bestjoer oer West-Frânsje oer. Om't syn frou Luitgard dat idee ek stipe, foel Loadewyk West-Frânsje yn. Hy berikte [[Ferdun]], mar luts werom doe't de soannen fan Loadewyk de Stammerder: Loadewyk III fan Frankryk en Karloman fan Frankryk harren diel fan [[Midden-Frânsje]] oan him opjoegen.<br/>
Njonkelytsen ropterôp [[Bosso fan de Provâns]], in ealman besibbe oan de [[Karolingen]], himsels út ta kening fan de [[Provâns]]. Ek de [[Wytsingen]] setten fannijs út ein mei harren ynfallen. Om dit driigjen boppe te stean, besleaten de Karolingyske keningen harren skeel fansiden te setten en meiïnoar op te arbeidzjen. Hja moeten yn [[Ribemont]], yn it hjoeddeiske [[Departeminten fan Frankryk|departemint]] [[Aisne (departemint)|Aisne]] yn it noarden fan [[Frankryk]]. Yn ruil foar de neutraliteit fan Loadewyk de Jongere, befêstigen de keningen fan Frankryk dat it part fan [[Loataringen]] en [[Fryske Ryk|Fryslân]] dat hja sûnt it [[Ferdrach fan Meerssen]] yn besit hiene, no fan Loadewyk de Jongere wie en sa koene hja frij oplûkeoptsjen tsjin Bosso.<br/>
De grins tusken Frankryk en it [[Hillige Roomske Ryk]] is oant yn de [[Lette Midsiuwen]] hast nea feroare west.<br/>
Eardere Frankyske ferdielings wiene: