Gregoriaanske kalinder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 17:
== Alde en nije styl ==
Tusken 1583 en 1700 brûkten Fryslân en Hollân ferskillende kalinders. De Fryske steedhâlder Willem Frederik, dy't ek geregeldwei nei De Haach moast, hold yn syn deiboeken beide datums oan, bygelyks yn 1643:
''Den 23 april/3 maij ginck ick uyt Vrieslandt oover Bolswert, Worckum ende quam dien avont tegens wint noch tot Enckhuysen om half achten ende nam strackx een waghen ende voer nae Alckmaer ……''<ref>Gloria Parendi. Dagboeken van Willem Frederik, stadhouder van Friesland, Groningen en Drenthe, Dagboek 1943 p. 43</ref>
Fiif jier letter einige de [[Tachtichjierrige oarloch]]. De Steaten fan Fryslân lieten in tinkstien foar de frede fan Munster meitsje, mei de wichtichste datums der op, yn âlde en nije styl. Oer de tekst fan it fredesferdrach wie yn jannewaris 1648 oerienstimming berikt. Yn Fryslân stie de kalinder op 20 jannewaris, yn Hollân op 30 jannewaris. Itselde ferskil wie der by de datums fan it offisjeel goedkarren fan it ferdrach en fan de ''spektakulêre feesterijen''. De Steaten pleatsten de tinkstien tsjin de gevel fan har gearkomsteplak, it [[Lânskipshûs]] yn Ljouwert. (Tsjintwurdich sit de stien yn it koar fan de Grutte of [[Jakobinertsjerke]].)
[[File:Datum nieuwe stijl Franeker.jpg|thumb|Ungelok prins Maurits, Frentsjer 1665 nije styl]]
Wa't gjin dûbele boekhâlding fiere woe moast mei klam neame hokker datum hy brûkte: âlde of nije styl. In foarbyld dêrfan stiet op de gevelstien yn de muorre fan it eardere Blau Weeshûs yn de Dykstrjitte yn Frjentsjer. Op 6 jannewaris 1665 sakke prins Johan Maurits fan Nassau-Dietz mei in diel fan syn gefolch troch de houten brêge yn de Dykstrjitte. Hy wie in neef fan de Fryske steedhâlder Willem Frederik, dy't op 31 oktober 1664 ferstoarn wie. Johan Maurits hie de bysetting fan de steedhâlder yn de Jacobinertsjerke op 25 desimber 1664 bywenne. De trije hjir neamde datums binne nije styl. De bysetting fan de steedhâlder wie dus foar de Friezen net op earste krystdei, want foar harren wie it pas 15 desimber âlde styl. Johan Maurits bleau dêrnei noch yn Ljouwert om dêr de Fryske krystdagen mei te meitsjen, want dy wiene yn Hollân al foarby.<ref>Hofstede de Groot, C., De schilder Frans Carree en zijne teekeningen voor de Lijkstatie van Vorst Willem Frederik van Nassau, De Vrije Fries 1918 pp. 12-36; http://www.mpaginae.nl/At/WF.htm: begrafenis Willem Frederik 1664</ref>
 
 
== Sjoch ek ==
Line 26 ⟶ 27:
* [[List fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lân]]
* [[Alde Maaie]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
 
[[Kategory:Kalinder]]