Gregoriaanske kalinder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 21:
[[File:Datum nieuwe stijl Franeker.jpg|thumb|Ungelok prins Maurits, Frentsjer 1665 nije styl]]
Wa't gjin dûbele boekhâlding fiere woe moast mei klam neame hokker datum hy brûkte: âlde of nije styl. In foarbyld dêrfan stiet op de gevelstien yn de muorre fan it eardere Blau Weeshûs yn de Dykstrjitte yn Frjentsjer. Op 6 jannewaris 1665 sakke prins Johan Maurits fan Nassau-Dietz mei in diel fan syn gefolch troch de houten brêge yn de Dykstrjitte. Hy wie in neef fan de Fryske steedhâlder Willem Frederik, dy't op 31 oktober 1664 ferstoarn wie. Johan Maurits hie de bysetting fan de steedhâlder yn de Jacobinertsjerke op 25 desimber 1664 bywenne. De trije hjir neamde datums binne nije styl. De bysetting fan de steedhâlder wie dus foar de Friezen net op earste krystdei, want foar harren wie it pas 15 desimber âlde styl. Johan Maurits bleau dêrnei noch yn Ljouwert om dêr de Fryske krystdagen mei te meitsjen, want dy wiene yn Hollân al foarby.<ref>Hofstede de Groot, C., De schilder Frans Carree en zijne teekeningen voor de Lijkstatie van Vorst Willem Frederik van Nassau, De Vrije Fries 1918 pp. 12-36; http://www.mpaginae.nl/At/WF.htm: begrafenis Willem Frederik 1664</ref>
 
 
== Sjoch ek ==