East-Frânsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 33:
Al de Frankyske gebieten wiene foar in koart skoftke werienige ûnder keizer [[Karel de Grouwe]], mar dy waard yn [[888]] ôfsetten en doe waard [[Arnulf fan Karintje]] yn East-Frânsje as kening keazen. De hieltyd mear ôfnimmende krêft fan de keninklike macht yn East-Frânsje, betsjutte dat de hartoggen fan [[Stamhartochdom Saksen|Saksen]], [[Hartochdom Franken|Franken]], [[Loataringen]], [[Hartochdom Swaben|Swaben]] en [[Hartochdom Beieren|Beieren]] fan de beneamde [[eallju]] erflike hearskers fan harren gebieten waarden. Keningen krigen gauris mei pleatslike rebûljes te krijen.<br/>
Yn [[911]] woene Saksyske, Frankyske, Beierske en Swabyske eallju net langer in Karolinger as kening kieze en hja keazen op [[10 novimber]] 911 ien fan harren eigen as kening. Om't [[Koenraad I fan Franken]] ien fan de hartoggen wie, hie er it dreech en bewarje de macht oer harren. Hartoch [[Hindrik de Fûgelder]] fan Saksen kaam yn opstân tsjin him oant [[915]]. De striid tsjin hartoch [[Arnulf I fan Beieren]] koste Koenraad it libben. Op syn stjerbêd keas er Hindrik de Fûgelder fan Saksen as syn opfolger. It keningskip gie fan Frankyske hannen oer op Saksyske, dy't yn de [[Saksekriich]] fan [[Karel de Grutte]] in soad laat hiene. Hindrik waard lykwols allinne befêstige troch Saksen en Franken yn [[Fritzlar]] en moast erkenning ôftwinge fan de oare hartoggen, dêrmei't er in steatsynrjochting skepte dy't alhiel brûkt waard troch syn soan [[Otto I fan it Hillige Roomske Ryk|Otto I]]. Oant syn dea yn july [[936]], hat Hindrik de ynstoarting fan de keninklike macht tefoaren witte te kommen, soks dat yn West-Frânsje barde, en liet in folle sterker keninkryk efter oan syn opfolger Otto I. Doe't Otto yn [[962]] yn [[Rome (stêd)|Rome]] ta keizer kroand waard, tsjutte dat it begjin oan fan it [[Hillige Roomske Ryk]].
 
==Namme==
De namme ''Orientalis Francia'' tsjutte oarspronklik it gebiet [[Franken (gebiet)|Franken]] oan en ''Orientalis Franci'' tsjutte syn ynwenners, de etnyske Franken dy't beëasten de Ryn wennen. It gebrûk fan de namme foar it eastlike keninkryk wie lykwols in útfining fan it hof fan Loadewyk de Dútser. Om't eastlik Frânsje eins in part fan Austraasje, it stamlân fan de Franken wie, lit de namme-oantsjutting fan Loadewyk foar it gânse keninkryk syn earsucht sjen. Under syn pakesizzer, Arnulf fan Karintje, waard it keninkryk gauris ''Francia'' neamd. Hindrik de Fûgelder neamde himsels ''rex Francorum orientalum'', "kening fan de Eastfranken".<br/>
Yn de [[tolfde iuw]] lei de [[skiedkundige]] [[Otto fan Freising]] út dat it "eastlike keninkryk fan de Franken" (''orientale Francorum regnum''), "no it keninkryk fan de Dútsers neamd wurd" (''regnum Teutonicorum'')