Eysingahûs (Ljouwert): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
by de tiid brocht
Rigel 1:
It '''Eysingahûs''' of '''Vegelinhûs''' wie in [[stins]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], oan de [[Turfmerk]] foar de [[Kânselarij (Ljouwert)|Kânselarij]] oer. It gebou iswie fan 1881 oant 2013 no (ûnderdiel fan it) [[Frysk Museum]].
{{By de tiid}}
It '''Eysingahûs''' of '''Vegelinhûs''' wie in [[stins]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], oan de [[Turfmerk]] foar de [[Kânselarij (Ljouwert)|Kânselarij]] oer. It gebou is no ûnderdiel fan it [[Frysk Museum]].
 
It hjoeddeiske gebou waard in fazes boud tusken 1777 en 1806. It hie as foargonger it Vegelinhûs, dêr't allinnich de 16e-iuwske kelder fan oer is. DitDat as ienige yn dizze gevelrige dwers setten hûs foar de Kânselarij oer waard yn 1709 kocht troch [[Hessel Vegelin fan Claerbergen]], grytman fan [[Haskerlân]] en eigener fan [[Heremastate]] op [[De Jouwer]]. Syn heit wie hofmaster fan de steedhâlder en sil it Dekemahûs njonken it [[Steedhâlderlik Hof]] bewenne hawwe.<br>
Oant [[1772]] waard it hûs bewenne troch de bekende skriuwer, riedshear, [[grytman]] en deputearre [[Johan Vegelin van Claerbergen]] (1690 - 1772). Syn soan Hessel, dy't al yn 1750 ferstoar op 27-jierige leeftiid, hat syn Memoires neilitten. It hûs stie rjocht foar de Kânselarij en skean foar it [[Lânskipshûs]] fan de Steaten fan Fryslân oer. De eigener bewenne it hûs benammen as de [[lândei|lândagen]] hâlden waarden en it bestjoer fergadere.
 
Oant 1879 bleau it hûs yn de Eysinga-famylje. Yn dat jier waard it troch jonkfrou C.A. de Beaufort, mei-erfgenamte fan jonkhear Tjalling Aedo Johan vanfan Eysinga (1790-1858) dy't yn it hûs berne wie én selsmoard die, foar mear as f. 15.000,= ferkocht oan it [[Friesch Genootschap]]. Koart dêrnei, yn 1881, hat dit genoatskip it Eysingahûs yn gebrûk nommen as it Frysk Museum.<br>
Yn de 90er jierren fan de 20e iuw ûndergie ditit museum in grutte útwreiding en yn oansluting dêrop eisis ek besocht it ynterieur op de belle-etaazje fan it Eysingahûs safolle mooglik wer de alluere te jaan dy't past by in foar fryske ferhâldings grutte aadlike stedswenning út dy tiid.
 
Nei it realisearjen yn 2012 fan it nije Frysk Museum oan it [[Saailân]] yn Ljouwert waard it Eysingahûs foar it symboalyske bedrach fan 1 euro oerdroegen oan monuminte-organisaasje [[Feriening Hendrick de Keyser]]. Der folge in restauraasje en de yndieling fan de begeane grûn waard yn de oarspronklike tastân werombrocht. De keamers en oare fertrekken waarden ynrjochte mei meubels en dingen sa't it der yn 1781 útsjoen kinnen hie. It pân mei de nije namme Museumhûs Van Eysinga waard 29 novimber 2018 foar it publyk iepensteld.<ref> ---------Frysk Deiblêd, 29 novimber 2018</ref>
 
== Bewenners ==
Line 22 ⟶ 23:
* ''Adelshuizen in Leeuwarden'', M.W. Meijer, 1980
* ''Stinsen en States, adellijk wonen in Friesland'', 1992
* ''Seeckere voortreflijcke huijsinghen, voornaam wonen in Leeuwarden''}}
{{Reflist}}
}}
 
[[Kategory:Stins]]