Dee (Wales): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lebel: Weromsetting
De kymriske namme earst!
Rigel 2:
De '''Dee''', [[Welsk]]: '''Afon Dyfrdwy''', is in 110 km lange rivier yn noard-[[Wales]], dy't útmûnet yn de [[Ierske See]].
 
De Dee ûntspringt yn it greefskip [[Gwynedd]], yn it nasjonaalpark [[Nasjonaalpark Snowdonia|SnowdoniaEryri]] ([[WelskIngelsk]]: ''Parc Cenedlaethol EryriSnowdonia'') en streamt dêrnei rillegau yn de [[Balamar]]. Dêrei giet de rivier nei it noardeasten nei it doarp [[Corwen]] en dan nei it easten [[Llangollen]] by del. Yn de delte fan Llangollen streamt de Dee ûnder it [[Shropshire-Unionkanaal]] troch fia it troch [[Thomas Telford]] yn 1805 boude Pontcysyllte-akwadukt.
 
At de Dee it Welske berchlân ferlitten hat, rint er mei grutte bochten yn noardlike rjochting troch Cheshire op [[Chester]] oan; nei Chester is de rivier kanalisearre. De mûning fan de Dee is 19 km lang en 8 km breed en tige ûndjip, mei [[Sânbank|sânbanken]] en [[sompe]]. It grutste plak oan de mûning is [[Flint (Wales)|Flint]].