Geiserik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
{{stavering}}
[[Ofbyld:Vandalen.jpg|right|thumb|300px|Ynnamme fan Rome]]
'''Geiserik''' (of '''Genserik''') (sirka [[389]] oant [[25 jannewaris]] [[477]]) wie kening fan de [[Fandalen]] en de [[Alanen]] tusken [[428]] en [[477]]. Hy wie yn de [[5e ieu]] ien fan de grutste fijannen fan it [[Romeinske Ryk]]. Under syn fyftichjierrich bewâld slagge hy der yn om fan it Fandaalske folk ien fan de wichtigste machten yn it [[Middellânske See]]gebiet te meitsjen.
 
==Jeugd en opkomst==
Geiserik waard sirka 389 berne en brocht syn jeugd troch yn de Romeinske provinsje [[Pannoonje]]. De Fandalen foarmen dêr in [[foederaty]] mei de Romeinen. Hy wie in bastertsoan fan de Fandalenlieder, kening [[Godigisel]]. Om-ende-by [[400]] lutsen de Fandalen fuort en gongen in swalkjend bestean folgjen. Yn [[406]] dienen sy by [[slach by Mainz|Mainz]] in ynfal en foelen [[Galje]] yn. Geiserik die hjir oan mei. Doe't syn heit sneuvele tsjin de [[Franken]] waard dizze opfolge troch syn healbroer [[Gunderik]]. En doe't dizze stoar yn [[428]] waard Geiserik kening. Geizerik ûntwikkele him as in grut strateech en besocht de macht en wolfeart fan syn folk te fergrutsjen. Omdat de Fandalen yn [[Hispania Baetica]] yn Súd-Spanje in protte te lijen hân hienen fan de [[Fisigoaten]], besleat Geiserik om Spanje te ferlitten en mei syn folk nei [[Mauritaanje]] te ferfarren.
 
== Afrika ==
Mar noch foardat Geiserik de oertocht weage, rekkene hy earst ôf mei de [[Sueven]], it folk der't de Fandalen mei deilis wienen. Yn [[429]] fierde hy in kriichstocht en fersloech de Sueven by [[slach by Merida|Merida]]. Fuortendaliks dêrnei stiek er mei it hiele folk fan om-ende-by 80.000 minsken oer nei [[Afrika]]. It slagge him om sûnder grutte swierrichheden de Romeinske ferdigeners te oerwinnen en wreide syn macht út fanút it tsjintwurdige [[Marokko]] nei [[Algerije]] en [[Tuneezje]]. Ek belegere hy [[Hippo Regius]] dêr't de tsjerkeheit [[Augustinus]] biskop wie.
Yn [[439]] slagge it Geiserik om [[Kartago]] te oermasterjen en foel in grut part fan Romeinske float yn syn hannen. Dizze float stelde him yn steat om te hearskjen oer it westlik part fan de [[Middellânske See]]. Hy makke Kartago ta haadstêd fan syn Fandalenryk, dat in grut part fan de Afrikaanske kust besloech. En yn koarte tiid koe hy mei syn float [[Sisylje]], [[Sardynje]], [[Korsika]] en de [[Balearen]] oermasterje.
Yn [[442]] sleat Geiserik mei de Romeinske keizer [[Falentinianus III]] in ferdrach. Yn ruil foar frede waard hy troch de keizer as kening erkend en wienen de troch him besete gebieten net langer in kwestje. Yn de tritich jierrenjier dêrnei swaarmen de soldaten fan Geiserik as [[seerover|piraten]] oer de Middellânske See.
 
== Rome ==