Gertrudistsjerke (Lytsewierrum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L staveringsdinkjes oanpasse
No edit summary
Rigel 47:
[[File:Lytsewierrum, Gertrudistsjerke, kânselbibel.jpg|thumb|left|250px|''Kânselbibel'']]
[[File:Lytsewierrum, Gertrudistsjerke, interieur rjochting kânsel.jpg|thumb|left|250px|''Oersjoch ynterieur'']]
Opfallend yn de tsjerke is it [[tonferwulft]], dat yn 1928 mei Bibelske symboalen waard beskildere. De preekstoel stie oarspronklik oan de súdlike muorre, mar ferhûze fan it wenstige plak nei it [[koarkoer (tsjerke)|koarkoer]]. It is in ienfâldige kânsel út de 17e iuw, it oare meubilêr datearret út de 19e iuw. Oan de súdlike kant steane de oarspronklik foar froulju ornearre (iepen) banken opsteld, de rige mei (sletten) manljusbanken stiet oan de rjochter kant. Fierder binne der noch trije ienfâldige [[hearebank]]en.
[[File:Lytsewierrum, Gertrudistsjerke, oargel.jpg|thumb|250px|Van Dam-oargel]]
Yn de rin fan de jierren 1960 waard it paad tusken de banken fernijd en doe kamen in tal âlde sarken fan de famyljes fan de trije [[state]]s út de omkriten foar it ljocht. Yn it koer leit njonken dy fan in pear dûmnys de sark fan Meinse Jans, de lêste katolike pryster fan de tsjerke. De sark is fersierd mei de symboalen fan de fjouwer evangelisten (liuw, earn, ingel en okse). Bysûnder binne ek de âlde oaljelampen dy't yn 'e tsjerke hingje. Mei de komst fan it elektrysk ljocht ferdwûne de oaljelampen út de tsjerken, mar yn Lytsewierrum bleaune se bewarre en mei Kryst wurde de lampen noch jimmeroan brûkt.