Henri Damas Bonhomme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L typflaterkes ferbettere
Rigel 8:
Yn [[1803]] waard er befoardere ta luitenant-generaal. Fan [[29 july]] [[1806]] oant [[24 novimber]] 1806 wie er troch kening [[Loadewyk Napoleon]] beneamd ta minister fan Oarloch. Dêrnei waard er gûverneur-generaal fan it [[Departemint East-Fryslân]] ûnder de gûverneur-generaal fan it [[Keninkryk Westfalen]]. Bonhomme krige dêr de lestige taak belestingheffing op gong te bringen en maatregels ta it befoarderjen fan it [[Kontinintaal Stelsel]] troch te fieren. Hy hâlde dy funksje oant [[16 febrewaris]] [[1807]] en gie dêrnei it leger wer yn dêr't er it bêst op syn plak wie. Hy fielde him yn it foarste plak ek militêr.
 
Bonhomme waard beneamd ta kolonel-generaal fan de kavalery, grut-offisiergrutoffisier fan it Keninkryk en in skofteskoftke letter ek ta ien fan de kapteins fan de keninklike garde. Teffens waard er ûnderskieden mei it [[Oarder fan de Uny|Grutkrús fan de Oarder fan de Uny fan Hollân]]. Nei syn pinsjoen luts er him werom op syn bûtenpleats Woudlust yn [[Surhuzum]] dêr't er fan [[1 jannewaris]] [[1812]] ôf oant 1 jannewaris [[1814]] maire fan de gemeente Surhuzum wie en nei it ôfskaffen fan dy funksje, bleau er as [[skout]] oant [[1 oktober]] [[1816]] haad fan it gemeentebestjoer. Ek krige er doe tiid foar syn grutte hobby, hynders.
 
Nei syn ferstjerren yn [[1826]] liet er in grut part fan syn erfskip nei oan goede doelen. Hy wie troud mei Hermanna Hillegonde Geertsema (1760-1799) en hie gjin bern.