Toby Keith: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 36:
[[File:TobyKeith_CampLeMonier.jpg|left|thumb|170px|Keith by in optreden op 'e [[Amerikaanske leger]]basis [[Camp Lemonnier]], yn [[Dzjibûty]], yn [[2006]].]]
 
Yn [[septimber]] [[1994]] brocht Keith by [[Polydor Records]] yn Nashville, in [[difyzje]] fan Mercury, syn twadde album út, ''Boomtown'', dat ek platina waard. It nûmer ''Who's That Man?'' helle it earste plak yn 'e countryhitlisten, ''Upstairs Downtown'' en ''You Ain't Much Fun'' hellen de top 10 en ''Big Ol' Truck'' berikte it 15e plak. Ein [[1995]] kaam, ek by Polydor, in [[kryst]]album fan Keith út, mei as [[titel (namme)|titel]] ''Christmas to Christmas'', dêr't inkeld eigenskreaune lieten op stiene. Yn [[april]] [[1996]] publisearre Keith syn trêde (algemiene) [[album (muzyk)|studio-album]] by de Nashville-ôfdieling fan [[A&M Records]]. De [[namme]] fan dat album wie ''Blue Moon'', en it omfieme trije [[single (muzyk)|singles]], wêrfan't ''Me Too'' Keith in trêde earste plak besoarge, ''Does That Blue Moon Ever Shine on You'' heakjen bleau op it twadde plak en ''A Woman's Touch'' it sechsde plak helle. Yn [[1996]] wurke Keith ek mei oan it album ''Stars and Stripes, Vol. 1'' fan 'e [[popmuzyk|popband]] [[The Beach Boys]], wêrby't er meisong oan 'e nije ferzje fan it nûmer ''Be True to Your School'', dat oarspronklik yn [[1963]] útbrocht wie.
 
Yn [[1997]] kearde Keith troch de fúzje fan 'e Nashville-ôfdieling fan A&M mei Mercury werom by syn oarspronklike platemaatskippij. Dat jiers brocht er dêr syn fjirde studio-album út, mei as titel ''[[Dream Walkin' (album)|Dream Walkin']]''. Dêrfan makken ûnderdiel út: de nûmer 2-hits ''[[We Were in Love]]'' en ''I'm So Happy I Can't Stop Crying'' (in [[duët]] mei [[Sting]]) en teffens de singles ''[[Dream Walkin' (liet)|Dream Walkin']]'', dat it fyfde plak yn 'e hitlisten behelle, en ''Double Wide Paradise''. Mei Sting brocht Keith ''I'm So Happy I Can't Stop Crying'' ''live'' te'n gehoare op 'e útrikking fan 'e [[Country Music Association Award]]s fan [[1997]] yn [[Nashville (Tennessee)]].