Toby Keith: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 53:
Underwilens hie Keith foar ''Unleashed'' yn [[2003]] de [[American Music Award]] yn 'e kategory favorite country-album wûn. Datselde jiers kaam yn [[novimber]] syn achtste studio-album út, mei as titel ''Shock'n Y'all'', wat safolle sizze wol as "skokkend foar jim allegearre", in ferwizing nei de term ''[[shock and awe]]'' dy't doedestiden troch it [[regear]] fan [[George W. Bush]] brûkt waard foar [[strategy]] ta de oerweldiging fan [[Irak]]. De trije lieten fan dat album dy't útbrocht waarden as single, ''I Love This Bar'', ''American Soldier'' en ''Whiskey Girl'', berikten allegear it earste plak yn 'e countryhitlisten. Mei ''Shock'n Y'all'' wûn Keith yn [[2004]] sawol de [[American Music Award]] foar favorite country-album as de [[Academy of Country Music Award]] foar album fan it jier. Ein [[2004]] kaam de sammel-[[cd]] ''Greatest Hits 2'' út, mei dêrop behalven âlde hits ek trije nije lieten: ''Stays in Mexico'', ''Go with Her'' en in [[cover (muzyk)|cover]] fan ''Mockingbird'', oarspronklik fan [[Inez en Charlie Foxx]], dat Keith opnommen hie yn 'e foarm fan in duët mei syn [[dochter]] [[Krystal Keith]].
 
Keith syn lêste album dat útbrocht waard by DreamWorks wie ''Honkytonk University'', dat begjin [[2005]] ferskynde. De trije lieten fan dy cd dy't as single útkamen, ''Honkytonk U'', ''As Good as I Once Was'' en ''Big Blue Note'', hellen allegear de top  10, hoewol't inkeld ''As Good as I Once Was'' it earste plak berikte (en dat seis wiken efterinoar beset hold). Nei't DreamWorks yn [[2005]] opdoekt wie, joech Keith him yn [[augustus]] fan dat jier by in nije platemaatskippij, [[Show Dog Nashville]]. Dêr brocht er yn [[2006]] syn tsiende studio-album út, ''White Trash with Money''. Ynstee fan Stroud, dy't hast al syn foargeande wurk produsearre hie, wurke Keith dêrfoar gear mei Chuck Cannon syn frou [[Lari White]]. It nije album omfette trije singles: ''Get Drunk and Be Somebody'', ''A Little Too Late'' en ''Crash Here Tonight'', wêrfan't de earste beiden trochkrongen oant yn 'e top 5 en de lêste hingjen bleau op plak  15.
[[File:Toby_keith1.jpg|left|thumb|250px|Keith set [[hantekening]]s foar [[fan (persoan)|fans]].]]
 
Foar syn alfde studio-album ''Big Dog Daddy'', út [[2007]], fungearre Keith sels as [[produsint]]. De single ''Love Me If You Can'' wie wer in nûmer 1-hit, wylst ''High Maintenance Woman'' it trêde plak helle en ''Get My Drink On'' it alfde. Neitiid folge letter itselde jier in nij [[kryst]]album yn 'e foarm fan in [[dûbel-cd]], mei as titel ''A Classic Christmas''. Yn [[maaie]] [[2008]] ferskynde fierders in trêde sammelalbum, ''35 Biggest Hits'', mei dêrop ek in nije single, ''She's a Hottie'', dy't lykwols net fierder kaam as in trettjinde plak. Yn [[oktober]] fan dat jier ferskynde Keith syn tolfde studio-album ''That Don't Make Me a Bad Guy'', mei dêrop twa nûmer  1-hits: ''She Never Cried in Front of Me'' en ''God Love Her''. Yn [[2009]] brocht de [[titelsong]] fan it trettjinde studio-album ''American Ride'' it ek wer ta it earste plak. Fierders omfette dy cd ek it nûmer ''Cryin' for Me (Wayman's Song)'', in [[oade]] [[basketbal]]ler en [[basgitaar|basgitarist]] [[Waymon Tisdale]], in freon fan Keith, dy't yn [[maaie]] [[2009]] [[ferstoar]].
 
''Bullets in the Gun'', dat ferskynde yn [[oktober]] [[2010]], wie Keith syn earste studio-album dat gjin top 10-hits produsearre. Fan 'e trije singles berikten de titelsong ''Bullets in the Gun'' en ''Somebody Else'' beide in tolfde plak, wylst ''Trailerhood'' stykjen bleau op it njoggentjinde plak. De cd befette fierders it hilaryske nûmer ''[[Get Out of My Car]]'', wêryn't Keith de draak stiek mei op [[seks]] taleine gleie keardels op [[ôfspraakje]]s mei kreaze froulju. Yn [[oktober]] [[2011]] brocht er it folgjende studio-album út, ''Clancy's Tavern'', wêrfan't it nûmer ''Made in America'' it earste plak yn 'e hitlisten berikte. In oare single fan dit album, ''[[Red Solo Cup]]'', kaam net fierder as it njoggende plak, mar de [[fideoklip]] fan dat nûmer gie ''[[viral]]'' op it [[ynternet]], en de single waard twa kear [[platina plaat|platina]]. ''Red Solo Cup'' berikte yn 'e pophitlisten it fyftjinde plak, wat Keith syn bêste resultaat ea wie. In oar súksesfol nûmer fan ''Clancy's Tavern'' wie de single ''Beers Ago'', dy't as [[gouden plaat]] [[sertifikaat fan muzykferkeap|sertifisearre]] waard.
Line 63 ⟶ 62:
 
====As akteur====
Nei't er earder al meiwurke hie oan ferskate [[reklamespotsje]]s, [[aktearjen|aktearre]] Keith yn [[2005]] yn 'e [[film]] ''Broken Bridges'', ûnder [[rezjy]] fan [[Steven Goldmann]] nei in [[senario]] fan [[Cherie Bennet]] en [[Jeff Gottesfeld]]. Oare [[rol]]len waarden ferfolle troch û.o. [[Kelly Preston]], [[Burt Reynolds]], [[Tess Harper]], en [[Lindsey Haun]]. Yn dizze film, dy't yn [[2006]] yn [[premiêre]] gie, spile Keith de rol fan Bo Price, in oan legerwâl rekke countrymuzikant yn in lyts plak yn [[Tennessee]]. De [[soundtrack]] fan 'e film waard troch Keith skreaun en opnommen. Yn [[2008]] skreau Keith fierders it senario foar de film ''Beer for My Horses'', dêr't er sels de [[haadrol]] yn spile. Dy film wie basearre op syn duët mei [[Willie Nelson]] út [[2003]] mei deselde namme.
 
====As ûndernimmer====