Ynfantery: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
No edit summary
Rigel 2:
De '''ynfantery''' (fan it [[Frânsk]]e ''infanterie''), foarhinne ek wol it '''fuotfolk''' neamd, is in ûnderdiel fan 'e [[lânmacht]] fan 'e [[leger]]s fan alle [[lân|lannen]]. It omskriuwt dy legerûnderdielen wêrfan't de soldaten te foet fjochtsje. De ynfantery hat it op it slachfjild yn 'e regel it swierst te ferduorjen en lijt ornaris de grutste ferliezen yn 'e striid.
 
De ynfantery ûnderskiedt him fan 'e oare beide tradisjonele lânmachtûnderdielen, de [[artillery]] (it swiere geskut) en de [[kavalery]] (foarhinne it hynstefolk, no de [[tank]]s en [[loftmobile troepen]]). Histoarysk sjoen is de ynfantery de âldste fan dizzedy trije ûnderdielen, en ek hjoed de dei noch is de ynfantery foar in leger fan grutte wearde, mei't soldaten har geandefoets yn gebieten en op terreinen bejaan kinne dy't ûntagonklik binne foar fiertugenridend materieel ([[berch|bergen]], [[sompe]]n, [[reinwâld|oerwâld]]en, ensfh.).
 
Moderne ynfantery beweecht him meastal net mear geandefoets fuort fan it iene slachfjild nei it oare, mar wurdt oer lân ferfierd mei meganisearre transport (legerfrachtweinen), oer wetter mei [[amfiby]]ske [[lâningsfartúch|lâningsfartugen]], of troch de loft yn [[helikopter]]s.