East-Frânsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L <b/>----><br/> wie it probleem
Rigel 27:
De Eastfrankyske ''[[Annales Fuldenses]]'' beskreaune it keninkryk yn "trije parten ferdield" en Loadewyk "trede ta it eastlike part". De Westfrankyske ''[[Annales Bertiniani]]'' beskreaune de omfieming fan Loadewyk syn gebiet as: "by de tawizing fan de gebieten, krige Loadewyk al it lân oan oare kant fan de [[Ryn]], mei de stêden [[Speyer]], [[Worms]] en [[Mainz]] mei harren greefskippen, dy't oan dizze kant fan de Ryn lizze, mei ynbegrepen". It keninkryk West-Frânsje gie nei Loadewyk syn jongere healbroer Karel de Keale en tusken dy twa keninkriken wie it keninkryk Midden-Frânsje mei [[Itaalje]] dat nei de âldste broer, keizer Lotarius I, gie.<br/>
Wylst East-Frânsje sa'n tredde part fan it oarspronklike [[Franken|Frankyske]] stamlân [[Austraasje]] befette, bestie de rest út lannen ferovere troch it [[Frankyske Ryk]] tusken de [[Fyfde iuw|fyfde]] en [[achtste iuw]]. Dy lannen wiene de hartochdommen fan Alemanje/Swaben, Beieren, Saksen en [[Tueringen]] en de noardlike en eastlike markgreefskippen dy't benammen befolke wiene troch [[Denemark|Denen]] en [[Slavyske folken|Slaven]]. De kronykskriuwer út dy tiid, [[Regino Prüm]] skreau dat de "ferskillende folken" (''diversae nationes populorum'') fan East-Frânsje, almeast Germaansk- en Slavysk-talige folken, fan inoar "skieden wurde kinne fan ras, gewoanten, taal en wetten" (''genere moribus lingua legibus'').<br/>
Nei it [[Ferdrach fan Meerssen]] yn [[870]] waard [[Midden-Frânsje]] ferdield, dêr't [[Loataringen]] en [[Fryske Ryk|Fryslân]] ferdield waarden tuske East- en West-Frânsje. It koart libjende Midden-Frânsje bleau oant yn de [[tweintichste iuw]] it toaniel fan Frânsk-Dútske oarloggen.<bbr/>
Al de Frankyske gebieten wiene foar in koart skoftke werienige ûnder keizer [[Karel de Grouwe]], mar dy waard yn [[888]] ôfsetten en doe waard [[Arnulf fan Karintje]] yn East-Frânsje as kening keazen. De hieltyd mear ôfnimmende krêft fan de keninklike macht yn East-Frânsje, betsjutte dat de hartoggen fan [[Stamhartochdom Saksen|Saksen]], [[Hartochdom Franken|Franken]], [[Loataringen]], [[Hartochdom Swaben|Swaben]] en [[Hartochdom Beieren|Beieren]] fan de beneamde [[eallju]] erflike hearskers fan harren gebieten waarden. Keningen hiene gauris mei pleatslike rebûljes te krijen.<br/>
Yn [[911]] woene Saksyske, Frankyske, Beierske en Swabyske eallju net langer in Karolinger as kening kieze en hja keazen op [[10 novimber]] 911 ien fan harren eigen as kening. Om't [[Koenraad I fan Franken]] ien fan de hartoggen wie, hie er it dreech en bewarje de macht oer harren. Hartoch [[Hindrik de Fûgelder]] fan Saksen kaam yn opstân tsjin him oant [[915]]. De striid tsjin hartoch [[Arnulf I fan Beieren]] koste Koenraad it libben. Op syn stjerbêd keas er Hindrik de Fûgelder fan Saksen as syn opfolger. It keningskip gie fan Frankyske hannen oer op Saksyske, dy't yn de [[Saksekriich]] fan [[Karel de Grutte]] in soad laat hiene. Hindrik waard lykwols allinne befêstige troch Saksen en Franken yn [[Fritzlar]] en moast erkenning ôftwinge fan de oare hartoggen, dêrmei't er in steatsynrjochting skoep dy't alhiel brûkt waard troch syn soan [[Otto I fan it Hillige Roomske Ryk|Otto I]]. Oant syn dea yn july [[936]], hat Hindrik de ynstoarting fan de keninklike macht tefoaren witte te kommen, soks dat yn West-Frânsje barde, en liet in folle sterker keninkryk efter oan syn opfolger Otto I. Doe't Otto yn [[962]] yn [[Rome (stêd)|Rome]] ta keizer kroand waard, tsjutte dat it begjin oan fan it [[Hillige Roomske Ryk]].