Landau in der Pfalz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Landau to Landau in der Pfalz: folsleine namme
LNo edit summary
Rigel 25:
Yn de [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] hearde de stêd tegearre mei [[Mannheim]] mei syn foar de oarlochsfiering wichtige yndustry ta de meast bombardearre plakken fan Súd-Dútslân. Mear dan 80% fan de binnenstêd waard troch de 124 bombardeminten op stêdekloft ferwoastge. Njonken de befolking fan de stêd hiene ek de likernôch 50.000 bûtenlânske twangarbeiders swier te lijen fan it oarlochsgeweld.
 
Fan de midsiuwen ôf wennen der [[joaden]] yn Landau, dy't yn'e Palts benammen yn de wynhannel warber wiene en de grutste joadske mienskip fan'e Palts foarmen. De measten fan de likernôch 600 minsken tellende joadske mienskip ferlieten Landau al yn 1933. De joaden dy't bleanen waarden yn 1940 nei Gurs yn Súd-Frankryk ôffierd. Harren monumintale [[Synagoge (Landau in der Pfalz)|synagoge]] op de hoeke fan de ''Friedrich-Ebert-Straße/Reiterstraße'' út de jierren 1880-1882 waard op 9 novimber 1938 yn'e jiske lein. Yn de ''Kaufmannsgasse''stiet it ''Frank-Loebsche-Haus'', dat yn de 19e iuw troch Zacharias Frank, de oerpake fan [[Anne Frank]], kocht waard en yn de oarloch troch de [[nazy]]'s as [[joadenhûsjoadehûs]] oanwiisd waard. It ''Frank-Loebsche-Haus'' jout tsjintwurdich ûnderdak oan in útstalling oer de joadske skiednis fan Landau en de ferfolging fan de Paltser [[Sinty]].<ref>http://www.xn--jdische-gemeinden-22b.de/index.php/gemeinden/k-l/1145-landau-rheinland-pfalz</ref>
 
== It besjen wurdich ==