East-Frânsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ---->
wie it probleem
Rigel 26:
It [[Ferdrach fan Ferdun]] waard yn augustus [[843]] tekene troch de trije soannen fan keizer [[Loadewyk de Fromme]] nei trije jier boargerkriich dy't folge nei it ferstjerren fan him. De grinzen waarden benammen lâns de rivieren de [[Maas]], [[Skelde]], [[Saône]] en [[Rône]] lutsen. Wylst de âldste soan [[Lotarius I]] de keizerstitel en it keninkryk [[Midden-Frânsje]] krige, krige [[Karel de Keale]] [[West-Frânsje]] en [[Loadewyk de Dútser]] de benammen [[Germaansk]] sprekkende eastlike lannen: [[Stamhartochdom Saksen]], eastlike helte fan [[Austraasje]], [[Hartochdom Swaben|Alemanje]], [[Hartochdom Beieren]] en de [[Mark fan Karintje]]. It âlde hartochdom [[Tueringen]] waard ferdield tusken de hartochdommen Saksen en Franken (sa't it eastlike part fan Austraasje neamd waard).

De Eastfrankyske ''[[Annales Fuldenses]]'' beskreaune it keninkryk yn "trije parten ferdield" en Loadewyk "trede ta it eastlike part". De Westfrankyske ''[[Annales Bertiniani]]'' beskreaune de omfieming fan Loadewyk syn gebiet as: "by de tawizing fan de gebieten, krige Loadewyk al it lân oan oare kant fan de [[Ryn]], mei de stêden [[Speyer]], [[Worms]] en [[Mainz]] mei harren greefskippen, dy't oan dizze kant fan de Ryn lizze, mei ynbegrepen". It keninkryk West-Frânsje gie nei Loadewyk syn jongere healbroer Karel de Keale en tusken dy twa keninkriken wie it keninkryk Midden-Frânsje mei [[Itaalje]] dat nei de âldste broer, keizer Lotarius I, gie.

Wylst East-Frânsje sa'n tredde part fan it oarspronklike [[Franken|Frankyske]] stamlân [[Austraasje]] befette, bestie de rest út lannen ferovere troch it [[Frankyske Ryk]] tusken de [[Fyfde iuw|fyfde]] en [[achtste iuw]]. Dy lannen wiene de hartochdommen fan Alemanje/Swaben, Beieren, Saksen en [[Tueringen]] en de noardlike en eastlike markgreefskippen dy't benammen befolke wiene troch [[Denemark|Denen]] en [[Slavyske folken|Slaven]]. De kronykskriuwer út dy tiid, [[Regino fan Prüm]] skreau dat de "ferskillende folken" (''diversae nationes populorum'') fan East-Frânsje, almeast Germaansk- en Slavysk-talige folken, fan inoar "skieden wurde kinne fan ras, gewoanten, taal en wetten" (''genere moribus lingua legibus'').

Nei it [[Ferdrach fan Meerssen]] yn [[870]] waard [[Midden-Frânsje]] ferdield, dêr't [[Loataringen]] en [[Fryske Ryk|Fryslân]] ferdield waarden tuske East- en West-Frânsje. It koart libjende Midden-Frânsje bleau oant yn de [[tweintichste iuw]] it toaniel fan Frânsk-Dútske oarloggen.

Al de Frankyske gebieten wiene foar in koart skoftke werienige ûnder keizer [[Karel de Grouwe]], mar dy waard yn [[888]] ôfsetten en doe waard [[Arnulf fan Karintje]] yn East-Frânsje as kening keazen. De hieltyd mear ôfnimmende krêft fan de keninklike macht yn East-Frânsje, betsjutte dat de hartoggen fan [[Stamhartochdom Saksen|Saksen]], [[Hartochdom Franken|Franken]], [[Loataringen]], [[Hartochdom Swaben|Swaben]] en [[Hartochdom Beieren|Beieren]] fan de beneamde [[eallju]] erflike hearskers fan harren gebieten waarden. Keningen hiene gauris mei pleatslike rebûljes te krijen.