2016: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 102:
*[[29 novimber|29]] - It [[ferkearsfleantúch]] [[LaMia-flecht 2933]] stoart del by de [[Kolombia]]anske [[stêd]] [[Medellín]]. Dêrby komme 71 [[minske]]n om, ûnder wa it [[fuotbal]]alvetal fan 'e [[Brazylje|Brazyljaanske]] klub [[Associação Chapecoense de Futebol|Chapecoense]]. Der binne 6 oerlibbenen.
 
;desimber
 
*[[1 desimber|1]] - By [[demokratysk]]e [[Gambiaanske presidintsferkiezings (2016)|presidintsferkiezings]] yn [[Gambia]] ferslacht [[opposysje (polityk)|opposysjekandidaat]] [[Adama Barrow]] de sittende [[presidint]] [[Yahya Jammeh]]. As dyselde risselwearret en lis de ferkiezingsútslach njonken him del, gripe de oare [[West-Afrika|Westafrikaanske lannen]] yn en stjoere [[troepen]]. Jammeh bynt dan yn en giet yn [[ballingskip]], wêrmei't in ein komt oan mear as 22 jier [[diktatuer]] yn Gambia.
 
*[[15 desimber|15]] - [[Gibraltar]] fiert it [[homohoulik]] yn.
 
* [[16 desimber|16]] - Iepening fan 'e [[Kening Willem-Alexandertunnel]], as part fan [[Rykswei 2|A2]] by [[Maastricht]].
*[[19 desimber|19]] - By [[oanslach yn Berlyn (2016)|in oanslach]] yn 'e [[Dútslân|Dútske]] [[haadstêd]] [[Berlyn]] riidt in [[islamisme|islamistyske]] [[terrorist]] mei in kaapte [[frachtwein]] yn op in [[kryst]]merk. Dêrby falle 12 [[dea]]den (ynkl. de oarspronklike [[frachtweinsjauffeur]], dy't by de kaping deasketten wie) en 56 [[ferwûne]]n. De dieder, in [[Anis Amri]], wit te ûntkommen.
*[[19 desimber|19]] - [[Andrej Karlov]], de [[Ruslân|Russyske]] [[ambassadeur]] yn [[Turkije]], wurdt by in [[oanslach (misdriuw)|oanslach]] yn in [[keunst]]gallery yn [[Ankara]] [[fermoarde]].
*[[22 desimber|22]] - Ut in [[wittenskiplik ûndersyk]] docht bliken dat it [[VSV-EBOV]]-[[faksên]] 70% oant 100% effektiviteit hat tsjin 'e deadlike [[ynfeksjesykte]] [[ebola]]. Dêrmei wurdt dat it earste wurksume faksên tsjin dy [[sykte]].
*[[23 desimber|23]] - [[Anis Amri]], de dieder fan 'e [[oanslach yn Berlyn (2016)|de oanslach]] op 'e [[kryst]]merk yn [[Berlyn]], wurdt by in konfontaasje mei de [[Itaalje|Italjaanske]] [[plysje]] yn [[Milaan]] deasketten.
*[[23 desimber|23]] - De [[Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes]] nimt [[Resolúsje 2334 fan de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes|Resolúsje 2334]] oan, wêryn't de oanlis fan "[[Joadske delsettings yn de besette gebieten|Israelyske delsettings]] yn [[Palestina|Palestynske gebieten beset sûnt 1967]]" feroardiele wurdt.
*[[25 desimber|26]] - By [[delstoarten fan in transportfleantúch fan it Russysk Ministearje fan Definsje (2016)|it delstoarten]] fan in [[Ruslân|Russyske]] [[militêr]] [[transportfleantúch]] by [[Sotsji]], yn súdlik Ruslân, komme alle 92 ynsittenden om, ûnder wa it hiele 64 leden tellende [[Aleksandrov Ensemble]].
*[[31 desimber|31]] - De [[Feriene Steaten]] lûkt it meastepart fan syn [[troepen]] werom út [[Afganistan]], hoewol't der Amerikaanske [[garnizoen]]en bliuwe yn 'e [[stêd]]en [[Kabûl]], [[Kandahar]] en [[Djalalabad]] en op 'e [[strategy]]sk wichtige [[loftmacht]]basis [[Bagram]].
 
== Berne ==