Hilaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Skiednis: + skoalle
Rigel 15:
 
== Skiednis ==
Al fier foar [[1500]] stie hjir in state, dy't nei 1511 besit wie fan Hobbe Doekes en bewenne waard troch Meynert Tyessinga. De stins waard dêrnei [[Tsjessingastate (Hilaard)|Tsjessingastate]] neamd. Fan de [[16e iuw]] ôf waard it eigendom fan de famylje Fan Aylva. Hobbe fan Aylva stoar op [[14 juny]] [[1645]] yn Hilaard. De midsiuwske tsjerke fan Hilaard hat noch in tinkstien ta neitins oan Hobbe van Aylva en syn frou Frouck.<br>
 
Yn de [[18e iuw]] wie de state bekend as Mockemastate. De state is yn [[1749]] ôfbrutsen. It grutte poartegebou gie pas yn [[1799]] plat. Yn 2000 binne de fûneminten dêrfan bleatlein. It doarpswapen hat twa gouden leeljes, dy't ferwize nei de wapens fan de famyljes Fan Aylva en Mockema, dy't ek leeljes hawwe. De blauwe baan yn de flagge ferwiist nei de [[Hilaarder Feart]].
 
De [[Doleânsje]] hat it doarp yn twaëntwaen splitstspjalte.
 
Yn [[1873]] krige Hilaard in eigen [[legere skoalle]], dy't him letter ûntjoech ta [[Kristlike Basisskoalle De Reinbôge (Hilaard)|Kristlike Basisskoalle De Reinbôge]]. Oant [[1923]] siet dy oan 'e Smidsstrjitte, dêrnei oan Hoptilsterdyk. It lêste skoalgebou datearre út [[1976]]. Oan 'e ein fan it skoaljier [[2018]]-[[2019]] gie De Reinbôge ticht omreden fan it weromrinnend tal [[learling]]en.
 
Begjin tweintichste iuw hie Hilaard in koöperative [[molkfabryk]] en in [[flaaks]]fabryk dy't letter ôfbaarnd is.