Gisela fan Loataringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
'''Gisela fan Loataringen''' (earne tusken [[860]] en [[865]] - tusken [[21 juny]] en [[26 oktober]] [[907]]) wie in dochter fan de [[Karolingen|Karolingyske]] kening [[Lotarius II]] en syn frijster [[Waldrada]].<br>
Har heit en mem krigen fjouwer bern. Utsein Gisela waarden [[Hugo fan de Elsas|Hugo]], hartoch fan de [[Elsas]], Berta en Ermengarde berne. Oermits Lotarius der foar de tsjerke net slagge en skied fan syn frou [[Teutberga]] waarden Gisela, har broer en har susters nea offisjeel erkend.
Hja boaske om [[882]] hinne mei [[Godfryd de Wytsing]], dy't hartoch fan [[Fryske Ryk|Fryslân]] wie. Hy waard lykwols trije jier letter yn maaie [[885]] by [[Spijk]] fermoarde troch in nust Fryske [[eallju]].
Nei de dea fan har man, waard sy yn in kleaster yn feilichheid brocht. Letter waard sy kleasteroerste fan de [[abdij fan Nijvel]] en de abdij fan [[Fosses]].