Uny fan Utert (1579): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
{{stobbe|skiednis}}
[[Ofbyld:Tachtigjarigeoorlog-1579.png|thumb|300px|De Uny's fan Utert en Atrecht]]
De '''Uny fan Utert''' is in op [[23 jannewaris]] [[1579]] tekene oerienkomst tusken in tal Nederlânske goaën, dêr't yn oerienkaam waard dat jinse mei-elkoar krewearje soene om de [[Spanje|Spanjerts]] (ûnder it [[Habsburch|Hûs Habsburch]]) it lân út te jeien; fierders waarden ek in tamtal steatkundige saken regele op it mêd fan bygelyks definsje, belestingen en godstsjinst (sadat de regeling ek wol beskôge wurdt as in earste ferzje fan enin lettere [[grûnwet]]. De uny wie in oanfolling op de saneamde 'Generale Uny' fan 1576 (de [[Pasifikaasje fan Gint]]), dêrom wurdt ek wol sprutsen fan de ''Nadere Unie''.
 
De oarspronklike goaën dy't de oerienkomst ûndertekenen wiene: [[Hartochdom Gelre|Gelre]] en [[Greefskip Sutfen|Sutfen]], [[Greefskip Hollân|Hollân]], [[Greefskip Seelân|Seelân]], [[Hearlikheid Utert|Utert]] en de [[De Ommelannen|Grinzer Ommelannen]]. Letter sletten ek [[Gint]], [[Nymwegen|Nimwegen]], [[Arnhim]], [[Hearlikheid Fryslân|Fryslân]], [[Fenlo (stêd)|Venlo]], [[Amersfoart]], [[Ieper]], [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]], [[Breda]], [[Brugge]] en it [[Brugske Frije]], [[Lier (Belgje)|Lier]] en [[Lânskip Drinte|Drinte]] har oan. De [[Hartochdom Brabân|Brabânske]] stêden [[De Bosk]] en [[Leuven]] koene har der net by de Uny oanslute, om't sy yn Spaanske hannen wiene.
 
De Uny fan Utert wurdt beskôge as de basis fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]], dy't earst troch Spanje erkend waard by it sluten fan it [[Tolvejierrich Bestân]] yn 1609.