Teksas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
No edit summary
Rigel 18:
|webside = [http://www.texas.gov/ www.texas.gov]
}}
{{Oaroar|de Amerikaanske steat Teksas|Teksas (betsjuttingsside)}}
'''Teksas''' ([[Ingelsk]]: ''Texas''; útspr.: ['tɛksəs], likernôch "<u>tek</u>sus"; [[Spaansk]]: ''Tejas'' of ''Texas''; útspr. beide kearen ['texas], likernôch "<u>tee</u>chas"), offisjeel de '''Steat Teksas''' (Ingelsk: ''State of Texas''), is ien fan 'e fyftich [[Amerikaanske steaten|steaten]] dy't mei-inoar de [[Feriene Steaten fan Amearika]] foarmje. Teksas, byneamd de ''Lone Star State'', leit yn it suden fan 'e Feriene Steaten, oan 'e [[kust]] fan 'e [[Golf fan Meksiko]] en tsjin 'e [[grins]] mei [[Meksiko]] oan. [[Skiednis|Histoarysk]] heart it ta de regio fan it [[Amerikaanske Suden]]. De [[haadstêd]] is [[Austin (Teksas)|Austin]], mar de grutste [[stêd]] is [[Houston (Teksas)|Houston]]. Neffens in skatting út [[2015]] hie de steat doe krapoan 28&nbsp;miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa [[befolking]]sgrutte de 2e steat fan 'e Feriene Steaten is, nei [[Kalifornje]]. Oangeande [[oerflakte|oerflak]] is Teksas mei goed 696.000&nbsp;km² ek de 2e steat, nei [[Alaska]]. Teksas stiet bekend om syn [[cowboy]]kultuer, syn [[ierdoalje]]yndustry en in 'eigenheid' dy't gjin inkele oare steat belykje kin en dy't troch de Teksanen koestere wurdt.