Feemerk (plein yn Snits): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
LNo edit summary
Rigel 2:
De '''Feemerk''' ([[Nederlânsk]] en offisjeel: ''Veemarkt'') is in [[plein]] yn 'e [[Stasjonsbuert (Snits)|Stasjonsbuert]] fan 'e [[Fryslân|Fryske]] [[stêd]] [[Snits]]. It wie om [[1900]] hinne in [[greide]], dy't [[simmer]]deis yn gebrûk wie as [[keatsen|keatsfjild]] en by 't [[winter]] as [[iisbaan]]. Yn [[1910]] waard de [[feemerk fan Snits]] ferpleatst fan it [[Martinyplein (Snits)|Martinyplein]], by de [[Martinytsjerke (Snits)|Snitser Martinytsjerke]], nei dy greide, dy't dêrfoar [[bestrjitting|bestrjitte]] waard. Sa ûntstie in plein dat nei de feemerk ferneamd waard.
 
Oan 'e Feemerk grinzgje de [[Koarte Feemerkstrjitte|Koarte]] en de [[Lange Feemerkstrjitte]]. [[Kafee Vellinga]], dat anno [[2018]] noch altyd bestiet, die foar de [[keaplju]] op 'e [[feemerk]] tsjinst as [[restaurant|restauraasje]]. Lange tiid fûn de feemerk plak yn 'e [[iepen loft]]; pas yn 'e [[1960-er jierren]] waarden op 'e [[noardwest]]like hoeke fan it plein de [[Feemerkhallen (Snits)|Feemerkhallen]] boud, sadat it evenemint binnendoar holden wurde koe. Dat [[gebou]] stiet der anno [[2018]] noch altyd, en docht tsjintwurdich tsjinst as [[evenemintehal]].
 
Yn [[1992]] waard de Snitser feemerk opheft en waard de hannel oernommen troch de [[feemerk fan Ljouwert]]. Neitiid kaam de Feemerk yn gebrûk as [[parkearterrein]]. Inkeld de namme fan it plein en de Feemerkhallen, en in pear [[stek]]ken dy't brûkt wurde as [[fytsestalling]], hâlde no de oantins oan 'e feemerk fan Snits noch libben.