Tjeerd Ritskes Velstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:Tjeerd Ritskes Velstra.jpg|thumb|''Tjeerd Ritskes Velstra''<br>
<small>Fotograaf: Craije Azn., H.J., Ljouwert</small>]]
'''Tjeerd Ritskes Velstra''' ([[Lekkum]], [[10 novimber]] [[1840]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[8 maaie]] [[1918]]) wie in [[Fryslân|Frysk]] heareboer, [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] yn it [[Frysk]]. Velstra wie ferneamd troch syn moralistysk-romantyske stikjes dy't opfierd waarden troch it Ljouwerter Toanielselskip. In soad fan syn wurk ferskynde yn de [[Rimen en Teltsjes]] (1906 - 1911).
 
== Libben en wurk ==
Tjeerd Velstra wie in soan fan skoalmaster Ritske Velstra dy't yn 1844 feehâlder ûnder [[Jelsum]] waard. Tjeerd Velstra buorke nei syn trouwen earst op [[Skinkeskâns]] ûnder [[Deinum]] en letter hied er in pleats tusken [[Marsum]] en Ljouwert.
 
Velstra wie yn de jierren 80 en 90 fan de 19e iuw ferneamd troch syn moralistysk-romantyske [[toanielstik]]ken dêr't leafst 31 fan opfierd waarden troch it Ljouwerter Toanielselskip. In soad fan syn wurk ferskynde yn de [[Rimen en Teltsjes]] (1906 - 1911). Oant 1880 dichte er ek.
 
Velstra wie lid fan de gemeenteried fan [[Menameradiel]], [[Provinsjale Steaten fan Fryslân|Provinsjale Steaten]] en bestjoerslid fan it [[Frysk Selskip]] fan [[1879]] - [[1892]].
 
Velstra wie teffens in leafhawwer fan hynders en de hurddraverij. Hy sette him yn foar it befoarderjen fan de hynstesport. Mei syn [[merje]] Sophie wûn er in [[Gouden Swipe]] en sulveren teeservizen.
 
Tjeerd Ritskes Velstra wenne yn Ljouwert yn de filla ''Baensein'', dy't er yn 1885 sette litten hie, oan de Marsumerdyk. Yn 1905 ferhuze er nei de binnenstêd fan Ljouwert.